‘Fawlty Towers’ fan ynternet ôfhelle, mar komt werom mei warskôging

juny 13, 2020 09:57

In ôflevering fan de Britske komyske searje Fawlty Towers dy’t fan it ynternet ôfhelle is, komt werom op de streamingstsjinst fan de BBC. Der sil wol in warskôging by jûn wurde dat der rasistysk taalgebrûk yn foarkomt.

John Cleese (foto: Wikipedia/Paul Boxley – CC BY-SA 2.0)

It giet om ‘The Germans’, miskien wol de bekendste ôflevering fan de klassike searje. Hoteleigner Basil Fawlty, spile troch John Cleese, besiket dêr krampeftich yn om de Twadde Wrâldoarloch te mijen by in groepke toeristen. “Don’t mention the war” waard in bekende útspraak. De ynteraksje mei de Dútsers sil it probleem net west ha, mar wol in petear mei in hotelgast op jierren. Hy brûkt in stikmannich rasistyske skelwurden. Dy grappen wiene yn 2013 al ferwidere foar werhellingen op telefyzje.

Ofrûne wike binne mear produksjes fan ynternet ôfhelle mei’t se tsjintwurdich yn in oar ljocht sjoen wurde. HBO ferwidere it epos Gone with the wind fanwege de datearre ôfskildering fan de Amerikaanske slavernij en de komyske searje Little Britain ferdwûn fan Netflix en de BBC-tsjinst “om’t de tiden feroarje”.

John Cleese spruts skande fan it beslút om de ôflevering fuort te heljen. Neffens him waard de rasistyske hâlding fan it karakter just bespotlik makke.

juny 13, 2020 09:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.