Europeeske Kommisje wol liniger regels by ûntwikkeljen faksin
Resint ferskynd
De Europeeske Kommisje wol dat tydlik de strange regels foar genetyske manipulaasje opside set wurde. Op dy wize hopet de kommisje dat in faksin om koroana te bestriden flugger ûntwikkele wurde kin. Yn it Europeesk Parlemint binne dêr grutte foarstanners fan, mar ek fûle tsjinstanners.
It giet om it begryp genetysk modifisearre organismen (GMO). Nifeljen oan it dna fan planten en bisten is oan strange regels bûn. Krekt as yn ’e lânbou, wurde yn ’e farmaseutyske yndustry soms lytse oanpassings makke yn it dna fan bygelyks planten.
No’t der sa gau mooglik in koroanafaksin nedich is, stean de strange regels dat yn ’t paad, is de Europeeske Kommisje fan betinken. Foaral om’t farmaseut Astra Zeneca, dêr’t Nederlân, Dútslân, Frankryk en Italië in oerienkomst mei sletten hawwe, yn ’e ûntwikkeling fan it faksin ek gebrûk fan dat soarte fan techniken makket .
Neffens Eurokommissaris Kyriakides is der gjin tiid te ferliezen en is net ien feilich sûnder faksin. Hja ropt it Europeesk Parlemint en de Europeeske Ried op om it foarstel foar de ferromming goed te karren. Binnen in pear wike moatte de Europarlemintariërs al stimme, sadat de ferromming noch fan ’t simmer fan krêft wurde kin. Dochs is net elkenien fuortdaliks foar. Om beswieren wei te nimmen, wol de kommisje de regels inkeld ferromje foar it koroanafaksin en foar medisinen tsjin covid-19.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje