Earste eksimplaar ‘In soarte fan brekken’ oerlange

juny 13, 2020 09:31

Foto: Jikke Olivier

Sneon 6 juny l.l. krige skriuwster Jikke Olivier fan Kollum it earste eksimplaar fan har nije roman In soarte fan brekken fan Mynke Hoekstra (útjouwerij KFFB).

De roman giet oer Daan en Line Laanstra. Se binne al mear as tritich jier byinoar. En se hawwe it och sa goed tegearre. Mar dan barre der dingen dy’t sa slim binne dat de relaasje ûnder druk komt te stean. Wat sa fanselssprekkend like, stiet finaal op ‘e kop. Der komt in grut kearpunt yn it libben fan Daan en Line. Fan ‘e iene dei op ‘e oare slûpt iensumheid harren relaasje yn en der ûntstiet in situaasje dy’t hopeleas liket. Hoefolle bliuwt der oer fan de leafde dy’t der al dy jierren wie?

In soarte fan brekken fan Jikke Olivier is te bestellen by útjouwerij KFFB: www.kffb.nl.

juny 13, 2020 09:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.