Dronebylden ynstallaasje Ids Willemsma
Resint ferskynd
It klompepaad dat keunstner Ids Willemsma makke foar de weriepening fan Museum Belvédère is fan oansjen feroare. De klompepearen foarmen earst in rinrûte fan it parkearplak nei de yngong fan it museum. Der is no in sirkelfoarm yn it gers oanbrocht.
Fan it begjin fan syn keunstnersbestean ôf hat Ids Willemsma syn klompen bewarre. Dy binne no ferwurke yn in sirkel, dy’t in libbensline symbolisearret en tagelyk fyftich jier keunstnerskip markearret fan ien fan de bekendste Fryske byldhouwers.
De rûne útstalling sil foar ûnbepaalde tiid te sjen wêze by de yngong fan it museum. Wa’t it klompepaad mist hast, kin it noch yn de droneopnamen fan Merijn de Boer besjen:
It museum folget de rjochtlinen fan it RIVM. In tagongskaartsje kin troch it reservearringsformulier op it webstee besteld wurde. Der wurdt dan gjin e-kaart stjoerd. It beteljen kin by de baly op de dei fan de museumbesite. De kaartferkeap wurket mei tiidslotten foar in beheind tal besikers. Dy moatte har oan de rinrûte hâlde.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje