Dichter fan Fryslân by middelbere skoallen lâns

juny 18, 2020 08:44 Fernijd

Wêrom kinne literatuer en poëzy sa moai wêze? De Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, jout it antwurd yn in literêr lesprogramma. Dat hat er spesjaal makke foar it fuortset ûnderwiis yn Fryslân. Fan hjoed ôf kinne sokke skoallen fia de webside fan Dichter fan Fryslân in fergees optreden boeke foar it kommende skoaljier (’20 – ’21).

Nyk de Vries (foto: Jacob van Essen)

De Dichter fan Fryslân biedt ferskillende lesprogramma’s oan oer poëzij en literatuer, yn kombinaasje mei muzyk en fideo. Dy programma’s omfetsje in optreden en in les. Hy bringt op in tagonklike en humoristyske wize, syn foar in grut part eigen ferhaal. In ferhaal oer syn skoaljierren – as boufakkerssoan út in húshâlding dêr’t literatuer net fanselssprekkend wie. Hy fertelt oer syn eigen wille en ûnwissens yn dy tiid, oer fereale wêzen en ferwachtings en foaral oer hoe’t er yn dy jierren mei it skriuwen en de literatuer yn oanrekking kaam.

It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan in Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk mear omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzij.
Sjoch foar mear ynformaasje oer it skoalprojekt, of foar it boeken fan in fergees skoaloptreden: www.dichterfanfryslan.nl/skoaloptreden.

juny 18, 2020 08:44 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.