Demonstraasje yn koroanatiid!

juny 7, 2020 07:44

Ynstjoerd

Nei Amsterdam, Grins, De Haach en Rotterdam, is no Ljouwert oan bar om yn dizze koroanatiid in grutte minskemassa tsjin diskriminaasje byinoar te bringen. Myn earste reaksje wie, derhinne! Ommers alle diskriminaasje, oft it no giet om ras, geslacht, leauwe, taal of wat dan ek, moat nea wêze. Myn twadde reaksje is, minsken hoe helje jimme soks ûnder sa’n grutte pandemy yn ’e holle?

Nei fjouwer demonstraasjes heakket dy fiifde demonstraasje yn Ljouwert wier neat mear ta. Boppedat die yn Amsterdam en Rotterdam bliken dat guon dielnimmers sa ‘religieus’ binne dat se har libben wol riskearje wolle om it statemint te meitsjen en as ferdwaasde ‘helden’ gjin ôfstân hâlde. Mar sokke ‘helden’ nimme it risiko dat se dêrmei ek oaren – lês kwetsberen en âlderen – yn grutte libbensbedriigjende problemen bringe.

Bêste organisatoaren brûk jimme ferstân en wurkje oan in kreativere oplossing. Wie it klappen foar de soarchmeiwurkers dan gjin earlik miende demonstraasje? It byinoar bringen fan sokke grutte net te kontrolearjen minskemassa’s, kin derfoar soargje dat ús kwetsbere minsken noch moannen yn it fersoargingshûs of oars thús yn isolaasje sitte moatte en dêr somtiden stjerre fan iensumens…

Cor Jousma
Feanwâlden

juny 7, 2020 07:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.