De sykte fan Lyme

juny 24, 2020 13:49

Skôging

Tyk (ôfbylding Wikimedia Commons)

It is no de wike fan de tikebeetsykte. Tiken binne net allinnich bloedsûgjende parasiten, mar se kinne ek de baktearje Borrelia Burgdorferi op oare bisten en op de minske oerbringe. Dy baktearje kin yn sa’n trije op de hûndert beten de sykte fan Lyme feroarsaakje. Tiken libje benammen yn strewelleguod en heech gers. Eins komme se it hiele jier wol foar, mar se binne warber fan april oant novimber.

It is fan belang om de tyk mei in spesjale tange te ferwiderjen en de wûne de earste twa wiken goed te kontrolearjen op in reade ring of in read plak (erythema migrans). Dogge dy ferskynsels har net foar, dan hoecht men net yn noed te sitten. Ek net as men gjin koarts hat of oare klachten fan spieren of in griperich gefoel yn de wiken dêrnei. By twivel kin it bloed wol test wurde, mar dat jout ek net foar de folle hûndert persint wissichheid. Spitigernôch kinne de klachten har ek letter yn ’e rin fan de tiid foardwaan. Dat makket it sa lestich.

Erythema migrans (foto Wikimedia Commons © James Gathany)

It slimme is lykwols dat it oantal besmettingen yn de lêste tsien jier mei sa’n 30% tanommen is. Dat betsjut út soarte dat it oantal minsken dy’t letter lêst krije, ek gâns oprint. Yn dit gefal nei sa’n 27.000 it jier. It giet om klachten oer de knieren, meastentiids de knibbel, mar ek alderhande ûntstekkingen fan de hûd en neurologyske krupsjes, en sels ynfeksje fan it harsenflues of it hert. Dêrnjonken hawwe in soad minsken lêst fan groanyske wurgens.

It is wichtich om by klachten fuortdaliks mei de húsdokter oer te lizzen. Faak folget in antibioatikakuer fan fjouwer oant seis wike en by bliuwende klachten sels langer. Der binne in soad ferskillende rjochtlinen foar de behanneling en ek foar de diagnostyk. Spitigernôch bestiet der gjin ienriedigens oer. Lokkich is der in oantal websiden bygelyks www.tekenradar.nl. Dêrneist binne der twa spesjale akademyske lymepolys, yn Amsterdam en Nimwegen.

Om de ynformaasje gear te fetsjen: der binne trije stadia mei ferskillende behannelingen (update 2020):
Earste stadium: mei erythema migrans nei in oantal wiken sichtber: doxycycline 10-21 dagen twa kear deis 100 mg.
Twadde stadium: hert, neurologysk of spieroandwaningen nei oantal moannen ûntstien: doxycycline 14-28 dagen twa kear deis 100 mg of fia in nulle: ceftriaxone 2 gr 28 dagen lang
Tredde stadium, komt somtiden nei oantal jierren mei knierûntstekkingen, hûdsykten of lêst fan de senuwbanen: ceftriaxon 2 gr fia in nulle kin dêr bygelyks 28 dagen lang foar ynset wurde.

Koartsein, in yngewikkeld probleem, dat meastentiids goed beteart, mar ek in soad ellinde teweibringe kin.

Matthijs Verkuijl

juny 24, 2020 13:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.