De grinzen geane wer iepen

juny 3, 2020 20:42

Alle Friezen kinne fan ‘t simmer nei it Belzelân en Dútslân ta. Premier Mark Rutte hat woansdei te witten dien dat de grinzen op 15 juny wer iepengeane. It regear warskôget wol foar risiko’s, mei’t fakânsjegongers it koroanfirus skypje kinne.

De lannen dêr’t minsken skielk sûnder beheining wer hinne kinne, binne Dútslân, België, Lúksemburch, Portugal, Italië, Slovenië, Kroäsië, Tsjechië, Slowakije, Estlân, Letlân en Litouwen. Foar guon oare lanne bliuwe beheinings. Yn Europa binne dat it Feriene Keninkryk, Noarwegen, Denemarken, Wyt-Ruslân, de Oekraïne, Moldavië en de net neamde lannen fan it eardere Joegoslavië.

De seis Antilliaanske eilannen kinne aansen ek wer frij besocht wurde. Oer de tagong ta in protte oare lannen wurdt yn july in beslút nommen.

juny 3, 2020 20:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.