By gemeente Ljouwert is alles kultureel ientûtmem – en dat moat fan de rie tenei oars
Resint ferskynd
De gemeente Ljouwert moat “een inclusieve werkcultuur realiseren”. Dat is it betinken fan fiif riedsfraksjes yn ‘e gemeente Ljouwert. De fraksjes hawwe mei-inoar in mearderheid yn ‘e Ljouwerter gemeenterie. Woansdei sille PvdA, PAL GrienLinks, D66, Partij voor de Dieren en ChristenUnie in moasje yntsjinje mei it fersyk oan it kolleezje om it wurk minder ienfoarmich te meitsjen.
Op it stuit is Ljouwert in Hollânsktalich bolwurk. De gemeente, dy’t in pear jier lyn ûntstien út de eardere gemeenten Ljouwert en parten fan Boarnsterhim en Littenseradiel, hat tsjin it advys fan in wurkgroep yn net it moderne Frysksinnige taalbelied fan Boarnsterhim en Littenseradiel oernommen. Op it advys om de gemeentenamme twatalich te meitsjen reagearre it kolleezje ferline jier mei de útspraak dat dat bûten Fryslân foar betizing soargje koe en “Daarbij komt dat veruit de meeste inwoners van onze gemeente Nederlands als eerste en vaak enige (rijks)taal gebruiken.”
Fan ferskaat is oars as yn Boarnsterhim en Littenseradiel ek net in soad sichtber yn de nije gemeente. Op it gemeentehûs stiet allinnich yn grutte letters yn it Nederlânsk gemeentehuis. Femke Molenaar fan PAL GrienLinks seit tsjin Omrop Fryslân dat se hopet dat de gemeente Ljouwert uterlik yn desimber in plan makke hat om minder ienfoarmich te wêzen. Hja wiist der fierders op dat de moasje folle mear ynhâldt “dan het aannemen van meer mensen van kleur”.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje