Bus út ‘Into the Wild’ út wyldernis Alaska wei helle
Resint ferskynd
Jierrenlang besochten aventuriers by in wrâldferneamde bus yn in Amerikaansk bosk te kommen, mar oan dy tiid is in ein kaam. De autoriteiten yn Alaska hawwe de bus dy’t ferneamd waard troch de film Into the Wild wei helle om foar te kommen dat minsken by harren syktocht ferwûne reitsje of om it libben komme.

Foto: Wikipedia/Erikhalfacre – CC BY-SA 3.0
De bus waard sa’n sechtich jier lyn efterlitten by in paad en waard in skoftlang as skûlplak brûkt troch jagers. Yn 1996 waard it reau ferneamd troch it boek Into the Wild en letter troch de film mei deselde titel út 2007.
It wierbarde ferhaal giet oer Christopher McCandless. Hy luts yn 1992 mei in minne útrêsting de rûge natuer fan Denali National Park yn, wenne mear as hûndert dagen yn ’e bus en ferhongere. Syn lichem waard yn it reau fûn.
Troch it boek en de film spruts de bus by in protte minsken ta de ferbylding. Dat late ta hûnderten gefaarlike trektochten. Sa kamen twa minsken om it libben doe’t se in rivier oerstutsen om by de bus te kommen. Yn april waard in strâne Braziliaanske toerist rêden en yn febrewaris moasten de helptsjinsten yn aksje komme foar fiif Italiaanske aventuriers.
De boargemaster fan it gebiet is ferromme dat de bus fuorthelle is, mar sjocht ek mei weemoed werom. “De bus wie ek ûnderdiel fan ús skiednis”, seit er. It is net bekend wêr’t de bus hinne brocht is. De Amerikaanske autoriteiten hâlde de lokaasje geheim, oant der in nije bestimming foar fûn is.
Besjoch in filmke fan it weitakeljen fan de bus op YouTube.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje