Burdaard kriget eigen mienskipsbier

juny 24, 2020 08:51 Fernijd

Op freedtemiddei 3 july is de presintaasje fan Burdaarder Blond, it mienskipsbier fan Burdaard. In lokaal broud ljocht bier, ynspirearre troch de naïve keunst fan Ruurd Wiersma, dêr’t de opbringst fan weromstreamt nei it doarp. It bier is ta stân kommen op inisjatyf fan lokale ûndernimmers yn gearwurking mei multyfunksjoneel sintrum It Spektrum en it Ruurd Wiersmahûs.

Foto: Lucas Kemper

It idee foar in eigen mienskipsbier ûntstie ferline jier by in sponsoaregearkomste fan It Spektrum. Edwin Boonstra, ien fan de sponsoaren: “Wy wiene op syk nei in nij inisjatyf, in besitekaartsje foar it doarp en It Spektrum. Doe’t wy ferskate yngrediïnten fan Burdaard opneamden, begûn it te gêsten. De mûne, de âlde nôtmeallerij, it wetter fan de Dokkumer Ie, de brouwerij yn Aldtsjerk, in bierkarmaster dy’t yn Burdaard wennet, toeristen mei in bierke op it terras en de naïve keunst fan Ruurd Wiersma… mei-inoar foarmje se it ferhaal fan Burdaarder Blond.”

Ruurd Wiersma
Op it etiket fan Burdaarder Blond figurearret it skilderij ‘De Molkfarder’ fan Ruurd Wiersma. Wiersma begûn sels as molkfarder, mar transformearre him yn Burdaard ta skilder fan naïve keunst. Syn wurk is te besichtigjen yn ien fan de lytste musea fan Nederlân, it Ruurd Wiersmahûs. Sybren van Tuinen, foarsitter fan it museum: “Dat it wurk fan Ruurd postúm te bewûnderjen is op in lokaal bierke is prachtich en it past ek wol by de man dy’t alles beskildere dat los en fêst siet: skuon, flessen en net te ferjitten alle muorren fan syn eigen hûs.”

Ferkeap en opbringst
Burdaarder Blond wurdt húsbier fan It Spektrum en is dêrnjonken te keap by ferskate hoarekagelegenheden, winkels en sliterijen yn ’e regio. De opbringst wurdt ynvestearre yn lokale inisjativen en aktiviteiten.

Yn ferbân mei de rjochtlinen fan it RIVM is de presintaasje op útnûging.

juny 24, 2020 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.