Buma bliuwt noch efkes baas yn Fryslân
Resint ferskynd

Sybrand Buma (foto Wikimedia © Europeeske folkspartij) – CC BY 2.0
Oars as hoe’t de minister fan folkssûnens Hugo de Jonge it leaver hawwe woe, bliuwe de foarsitters fan de feilichheidsregio’s ynearsten baas yn Nederlân. De needferoarderings dy’t hja fêststelle, sille foarearst de bewegingsfrijheid fan ‘e ljuwe noch beheine. Yn Fryslân is de Ljouwerter boargemaster Sybrand Buma foarsitter fan ‘e feilichheidsregio. Hy skriuwt foar dat minsken yn bus en trein mûlkapkes foarbine moatte en dat men oardel trêd distânsje fan jins evenminske hâlde moat. De Friezen kinne sa’n needferoardering net by de rjochter oanfjochtsje en hawwe der ek gjin ynspraak yn.
Doel wie dat de needferoarderings op 1 july rûmte meitsje soene foar in demokratysk ynstelde wet. It regear hat in ûntwerp skreaun foar sa’n wet, mar dat krige út de polityk en fan juristen sa’n soad krityk dat it neffens De Jonge noch net nei de Keamer ta kin. Neffens it wetsûntwerp soene grûnwetlike frijheden beheind wurde kinne troch ministeriële besluten. Der sit gjin uterste doer op sa’n wet, sadat ministers in hast ûnbeheinde macht krije. Wim Voermans, perfester steatsrjocht oan ‘e universiteit fan Leien, seit: “Dat past niet in een democratische rechtsstaat en dat staat ook haaks op ons grondwettelijke systeem en de waarden en beginselen die in dat systeem zijn verankerd.” De Nederlânske feriening foar gemeenteriedsleden seit: “De tijdelijke wet plaatst ruim 8500 raadsleden tegenover de wet.” De Rie fan Steat hat noch net formeel reagearre, mar wol te witten dien dat it regear hoeden mei grûnrjochten omgean moat.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje