Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 40

juny 1, 2020 07:37 Fernijd

(N)ea nei de kapper

Kollum

Ferline ’e wike wiene ús heit en men sechstich jier troud. Se binne aldergelokst goed sûn en noch hieltyd byinoar. Nei myn suster bin ik de twadde, en de âldste fan de jonges dy’t nei my noch kamen. Wy giene nea nei de kapper. Us mem hie in tondeuze en dêr waard se alle moannen handiger mei. Op âlde skoalfoto’s is te sjen dat se in frij stabile styl hie. Dy fiif ljochte holtsjes wiene allegear by deselde hierknipper, dat wie dúdlik! De klean wiene ek opfallend identyk, allinne ús jongste bruorke hie in knibbellape foar op syn trui. Dat wie om it kearsfet dat er dêrop griemd hie te bemanteljen!

Wedstriid
De belangrykste wedstriid wie by ús thús alle dagen opnij: wa is hjoed de grappichste? It hat ús in soad brocht: it moat der mar jong yn! Noch hieltyd stiet myn stikje grap-harsens oan en is it saak om dat safolle mooglik te betwingen. As amtner is it ommers fan belang om wol wat serieus oer te kommen en de krekte taal te brûken. Gelokkich slagget dat betwingen net altyd. Mar moai meekrige yn ’e jonge jierren! Doe’t der letter noch in suske by kaam wie ik al tolve en learde ik al betiid om handich om te gean mei katoenen ruften en ferhaaltsjes te fertellen. Beide kamen letter goed fan pas.

Sunich
Us heit wie him altyd o sa bewust fan enerzjykosten. Alle dagen siet er ús efter de fodden om de kraan net rinne te litten en it ljocht fuortdaliks út te dwaan. Myn driuwfear om enerzjy te besparjen moat dêr berne wêze. As fakânsjewurker wie ik altyd dwaande by it lokale boubedriuw yn de renovaasje en de nijbou. Dat joech my in handich ynsjoch yn de bouwrâld. Keatse wie yn ús lytse doarp de iennige sport. Spitigernôch wiene der dochs noch fiif jonges better as ik en dus koe ik nea myn keunsten op de Freule of de PC fertoane. Us heit en mem namen my faak mei nei keatswedstriden. Dêrtroch boeide it spul my behoarlik en waard ik jeugdtrainer. Dêr lei mear myn talint. Wa hie doe tinke kinnen dat dy passy foar it oplieden fan de jongerein mear as tritich jier duorje soe.

Taart
Al dy yngrediïnten mei-inoar hawwe laat ta de taart dêr’t ik noch alle dagen mei in protte wille fan smul. De frijheid om dat te dwaan wêr’t it talint leit, is ús mei de brijleppel ynjûn en komt my yn it wurk goed fan pas. Goed om sa no en dan efkes werom te sjen hoe’t it paad ek alwer rûn. Wy hawwe in grutte famylje en al binne de koroanamaatregels hjoed-de-dei ek wer ferromme, der kin net in feestje fierd wurde sa’t wy dat ea betocht hiene. It jongste suske betinkt dan altyd in needplan, no ek wer.

Wy hawwe allegear in foto fan de bern en de pake- en beppesizzers by har ynlevere. Dy wurde op grut formaat allegear foar de ruten plakt mei it gesicht nei binnen. Sa sjogge de tachtigers op dizze bysûndere dei hieltyd mear as tweintich fleurige gesichten.

Ik moast dus beslute watfoar foto ik brûke soe. Ik moast weromtinke oan de moaiste mominten foar harren. Ik wie der gau út. Ein jannewaris 2018 mocht ik fan de organisaasje fan Kulturele Haadstêd mar acht minuten prate mei de Kening en Keninginne. De foto dy’t doe makke is, hinget by it ‘diamanten stel’ oan de muorre.

Foto © Ruben van Vliet

Mochten myn âlden dit lêze, dan is De Dei al foarby. Sûnder harren wiene kening Willem-Alexander en keninginne Maxima en noch in protte oaren grif net op myn paad kommen!

Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân.
juny 1, 2020 07:37 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.