Boeren telle sels dei- en nachtflinters

juny 26, 2020 08:57 Fernijd

LTO Noard, BoerenNatuur en De Vlinderstichting geane troch mei de unike gearwurking en it monitoaringsprogramma dêr’t boeren sels flinters en ynsekten yn it agrarysk gebiet by monitoarje. Dat hjit it Boeren Insecten Meetnet Agraryske Gebieden, ôfkoarte: BIMAG.

Foto: pixabay.com

Yn 2017 is út mearjierrich ûndersyk dúdlik wurden dat de soarten ynsekten, en benammen de oantallen ynsekten, yn de ôfrûne desennia folle lytser wurden binne. Hast alle yn Nederlân beskikbere trends fan ynsekten binne foar it grutste part basearre op waarnimmingen út natuergebieten. De greiden en boerehiemen wurde dêr faak by fergetten. Dat wie foar LTO Noard, BoerenNatuur en De Vlinderstichting de oanlieding om te sjen hoe’t dêr feroaring yn brocht wurde kin. It projekt waard ûntwikkele mei finansiering fan it Ministearje fan LNV en BIMAG is yn 2019 úteinset.

BIMAG-pilot súksesfol en dêrom ferlinge
Ofrûne jier hawwe 21 agraryske dielnimmers meidien. Hja hawwe mei-inoar 3.495 nachtflinters fotografearre yn harren Led-amers yn 238 nachten op trije ferskate lokaasjes op harren bedriuw. De Vlinderstichting hat op basis fan foto’s dy’t de agrariërs opstjoerden 103 ûnderskate nachtflintersoarten identifisearre. Dêrneist is der 28 kear in deiflinterrûte rûn dêr’t tweintich soarten deiflinters op it boerelân by waarnommen binne. Neist algemien foarkommende soarten fongen de boeren ek in protte bysûndere soarten, lykas prachtpurperûltsje, faal kokerbearke, súdlike gersûle, sompewâldstrospanner, populieregoudûle en ikeûltsje.

De sifers litte sjen dat agrariërs sels, of yn gearwurking mei frijwilligers, in protte soarten waarnimme op it boerehiem. De pilotresultaten soargen by leden fan agraryske kollektiven en LTO foar ekstra nijsgjirrigens en entûsjasme. Dêrneist ûntstiet der hieltyd mear animo ûnder de agrariërs om ynsekten te monitoarjen en diel te nimmen oan BIMAG. Foar it ministearje fan LNV reden genôch om de BIMAG-ûndersykspilot mei trije jier te ferlingjen.

Fyftich boeren yn Nederlân sille sels telle
Dit jier dogge 28 nije agrariërs mei oan de BIMAG-pilot. Dêrmei nimt it tal flintertellende boeren ta oant fyftich. Bouboeren, túnkers en melkfeehâlders, sawol gongber as biologysk, drage harren stientsje by.

Sjoch foar mear ynformaasje op:

juny 26, 2020 08:57 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.