Boeren en túnkers soargje foar it lânskip en fersterkje bioferskaat

juny 17, 2020 08:54

Boeren en túnkers wurkje hurd om de bioferskaat yn Nederlân te fersterkjen. Hja dogge dat bygelyks mei it oanlizzen en ûnderhâlden fan bloeiende sleatswâlen en houtwallen. It kûlizelânskip wurdt ek yn stân holden troch motivearre agrariërs. Op dy manier drage se harren stientsje by oan de natuer yn Nederlân. Yn totaal wurdt likernôch 70% fan alle grûn yn Nederlân beheard troch boeren en túnkers.

Foto: LTO Noard

“Boeren en túnkers rjochtsje it lânskip al iuwenlang mei yn. As jo in rûntsje fytse, kuierje of skeelerje, sjoch dan ek ris op in oare manier nei de omjouwing”, seit Ben Haarman, portefeuillehâlder Natuer- en lânskipsûntwikkeling LTO Nederlân.

Mei soarch foar de omjouwing
Dat de rykdom oan bisten en planten yn Nederlân yntart, moat tsjingien wurde. De bioferskaat is essinsjeel foar it yn stân hâlden fan ekosystemen en dêrmei in sûn gea. Lykas de behearders fan natuerterreinen en de iepenbiere romte nimt de lân- en túnbou dêr ferantwurdlikheid foar. Dat dogge boeren en túnkers mei agrarysk natuer- en lânskipsbehear, dêr’t se sels of fia agraryske gearwurkingsferbannen (agraryske kollektiven) doelmjittige maatregels by nimme op en om harren bedriuw. Tink bygelyks oan it oanlizzen fan in krûderyk stik greide as agrarysk natuerbehear of it oanlizzen fan bloeiende rânen fan greiden en boulân foar mear bioferskaat, mar ek oan boaiembehear.

‘Troch de kwaliteit fan de natuer en it lânskip te ferbetterjen en te wurkjen oan it ferhelpen fan bioferskaat, wurdt it ekosysteem dêr’t boeren en túnkers iten en sierteelt yn produsearje, sterker. Sa kinne takomstige generaasjes ek trochgean mei duorsum en sûn iten te produsearjen en kinne ferskate funksjes yn it lanlik gebiet bestean bliuwe’, seit Haarman.

Bioferskaat yn Nederlân fergrutsje
LTO Nederlân is ien fan de kertiermakkers fan it Deltaplan Herstel Biodiversiteit en wurket mei oare fertsjintwurdigers fan de agraryske sektor, keatpartijen, ûndersikers, natuer- en miljeu-organisaasjes en de finansjele sektor, gear om it bioferskaat yn Nederlân te fergrutsjen. Bioferskaat is nedich foar bestowing, sûn gewaaks en boaiemfruchtberens.

LTO Noard wurket foar de lange termyn oan in better bioferskaat en set him dêrfoar yn yn it ramt fan it Programma Bioferskaat. Foar LTO Noard is agrarysk natuer- en lânskipsbehear in serieuze bedriuwstûke. Boeren dy’t (in part fan) harren wurk wije oan natuer, tsjinje ek in maatskiplik doel. De mienskip hat ek belang by de ynspanningen dy’t boeren en túnkers leverje. Dêrom is it wol nedich dat dy ynset fan boeren beleanne wurdt.

Inisjativen yn Noard-Nederlân
Der binne ferskate inisjativen foar agrarysk natuer- en lânskipsbehear yn de Regio Noard. In pear foarbylden dêrfan binne Boeren meten vlinders (BIMAG) en Place to bee. LTO Noard is partner yn de Fryske bioferskaatskampanje Wat zullen wij nou beleven? en ûndertekener fan it deltaplan foar bioferskaat yn de provinsje Grinslân. En der binne mear agraryske natuerbehearskollektiven aktyf yn de provinsjes.

juny 17, 2020 08:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.