Bloeisônen yn Fryslân kinne útsprute en groeie

juny 12, 2020 08:45

Tiisdei 9 juny hat provinsje Fryslân in subsydzje fan € 100.000 beskikber steld om fan Fryslân in ‘Bloeisône’ te meitsjen. Offisjeel hjit dat in ‘Blue zone’, yn Fryslân wurdt dat in ‘Bloeisône’ neamd.

Foto: Kees van de Veen / boarne: Provinsje Fryslân

In ‘Bloeisône’ is in gebiet mei mear grien, mear omtinken foarinoar en dêr’t men lekker bewege en jin ûntspanne kin. Jo kinne der maklik komme, op ’e fyts of brocht troch in goede buorman. It doel is om yn mear as ien regio yn Fryslân sa’n Bloeisône útsprute en groeie te litten.

Friezen wurdearje de leefberens fan harren fermidden heech. Dochs kinne der noch saken ferbettere wurde. Deputearre Hoogland: “Minsken yn in ‘Bloeisône’ binne lokkiger en wurde op in sûne manier folle âlder. Net as resultaat fan in bewuste strategy, mar earder as in ‘skitterjend (ûn)gelok’. Dêr kinne wy fan leare. Wy fine it wichtich om partijen byinoar te bringen en te stypjen om sa de leefberens foar alle Friezen te fergrutsjen.”

Healthy Ageing Netwerk Noord Nederland (HANNN) hat de opdracht krige om mei it jild ûntwikkelingen yn gong te setten, sadat der hieltyd mear Bloeisônen yn Fryslân troch ûntsteane. Dy moatte passe by de eigen identiteit fan ús provinsje. De ûntwikkelingen barre yn nauwe gearwurking mei de wurkgroep Bloeisône Fryslân en ferskate oare partijen, lykas ynwennersinisjativen, kennisynstellingen, it bedriuwslibben en de oerheid.

Bouwe de Boer fan dy wurkgroep is bliid mei de finansjele bydragen fan de provinsje. “Fryslân is al goed op wei mei Bloeisône, mar no kriget it ek in status. Dat jout romte om de goede saken yn it sintsje te setten. It helpt om in protte Friezen no mei te krijen, om nei te tinken en mei te dwaan.”

Lokale inisjativen
It ûntwikkelplan Bloeisône Fryslân rjochtet him benammen op it stypjen fan lokale inisjativen. Stipe yn de foarm fan it organisearjen fan lear- en ynspiraasjemominten, helpe by it sykjen nei finansjele middels en it opsetten fan in lobby. In foarbyld fan sa’n lokaal inisjatyf kin wêze: Blue zone Bakkefean. In oare pylder rjochtet him op brede provinsjale ûntwikkelingen en de mooglikheid om belied, projekten en inisjativen oaninoar te keppeljen.

De wurkgroep Bloeisône Fryslân begûn oardel jier lyn mei in ûndersyk nei Blue Zones en de mooglikheid om fan Fryslân sa’n sûne regio te meitsjen. Blue Zones binne gebieten dy’t opinoar lykje, dêr’t de befolking op inselde soarte manier libbet, mei-inoar en de natuer. De minsken dy’t yn in Blue zone wenje, libje yn trochsneed folle langer as minsken yn oare gebieten.

Yn in manifest konkludearre de wurkgroep Bloeisône Fryslân: “Wy moatte sels de leie nimme en in sûne takomst stal jaan. Dan kreëarje wy, stap foar stap, ús eigen, nije Blue Zone. Gjin kopy fan de wrâldwide Blue Zones, mar ien dy’t by ús kultuer, natuer en technologyske mooglikheden oanslút.’ It manifest is yn it ûntwikkelplan útwurke en hjit Bloeisône Fryslân.

juny 12, 2020 08:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.