Bloedprippe by Certe en HAL Fryslân tenei inkeld op ôfspraak

juny 23, 2020 09:05

Om de rjochtlinen fan de oerheid en it RIVM oer de oardelmetermaatskippij goed nei te libjen, wurkje Húsdokterslaboratoarium Fryslân en Certe foar de trije noardlike provinsjes mei in ôfsprakesysteem foar it prippen fan bloed en it ynleverjen fan oar materiaal fan pasjinten.

Foto: pixabay.com

No’t de reguliere soarch ferfette wurdt, komme hieltyd mear minsken foar it bloedprippen op de lokaasjes fan Certe en HAL Fryslân. De ôfrûne tiid wie it dêrtroch tige drok. Om lange wachtrigen en folle wachtkeamers foar te kommen en de feilichheid fan de pasjinten garandearje te kinnen, kinne besikers tenei allinnich op ôfspraak komme. Pasjinten dy’t troch harren húsdokter, ferloskundige of de tromboazetsjinst dêrhinne trochferwiisd binne, kinne online in ôfspraak meitsje fia de websiden fan Certe en HAL Fryslân: www.certe.nl en/of www.hal.frl. Binne se trochferwiisd troch in spesjalist fan it sikehûs, dan kinne se sûnt 16 juny yn prinsipe allinnich op ôfspraak nei in bloedpoly yn it sikehûs terjochte. Allinnich as der nei in besite oan de spesjalist haast by is, of as der bysûndere tiidseasken oan it ûndersyk steld wurde, kin de pasjint dêr noch sûnder ôfspraak terjochte.

De lokaasjes yn ferpleech- en fersoargingstehuzen bliuwe om reden fan feilichheid foarearst noch ticht. Dat jildt ek foar lokaasjes dêr’t it net mooglik is om oardel meter ôfstân te hâlden. Op de websiden fan Certe en HAL Fryslân is te sjen hokker lokaasjes iepen binne en wat de aktuele iepeningstiden binne.

Minsken mei koroanarelatearre sykteferskynsels lykas hoastjen, prústen, ferkâldenheid of koarts, wurdt frege om yn oerlis mei de (hús)dokter of tromboaztsjinst, harren ôfspraak út te stellen. As de (hús)dokter fan betinken is dat it bloedprippen needsaaklik is, wurdt dêr in spesjale ôfspraak foar makke. It is wichtich dat besikers safolle mooglik allinnich komme en har melde op it ôfprate stiuit. Dat om foar te kommen dat it ûnnedich drok wurdt.

Mear ynformaasje oer bloedprippen op ôfspraak en oare maatregels oangeande koroana binne te finen op de websiden fan Certe en HAL Fryslân.

juny 23, 2020 09:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.