Bjinse, de seeman (ferhaal)

juny 27, 2020 07:20 Fernijd

Doe’t Bjinse Venema berne waard, stie foar syn âlden, Wibe en Haukje, syn takomst fêst. Hy soe de komelkerij fan syn heit oernimme as er safier wêze soe. By it opgroeien begûnen Wibe en Haukje te twiveljen. As Bjinse mei eat oan ’e gong wie, siet er te nifeljen. Doe’t er sa’n njoggen jier wie, kaam er thús mei in radiotastel. Hy hie dat mei Sjoerdsma yninoar set. Grutsk liet er Wibe hearre hoe moai oft it spile.

Bjinse waard tolve jier. Hy moast nei in oare skoalle. Master Hettema rette Wibe en Haukje oan om Bjinse mar nei de ambachtsskoalle yn Ljouwert te stjoeren. Dêr hiene se in goede oplieding foar metaal. Yn dy rjochting soe Bjinse wol fierder moatte. Doe’t Bjinse klear wie mei syn oplieding kaam er by Alderdink, de smid fan it doarp, te wurkjen. Alderdink hie al gau troch dat der mear yn Bjinse siet as it smidswurk dat er by him die. Hy prate dêr ris mei Bjinse oer. Bjinse hie der wol earen nei. Mar om yn in fabryk te wurkjen like him neat ta. It skeat Alderdink yn ’t sin dat er in neef hie dy’t by in skipfeartmaatskippij wurke. Dêr moast er mar ris mei prate. De neef fertelde Alderdink dat it miskien slagje soe. Se hiene in eigen oplieding foar masinist.

It waard spannend foar Bjinse. Earst al dy reis mei de trein nei Amsterdam. Hy krige in petear mei de personielssjef en doe kaam it. Hy mocht it skip besjen dêr’t er op wurkje soe. De Atalanta lei yn it dok. Oer fjirtjin dagen soe de reis nei Súd-Amearika begjinne. As Bjinse mei woe as learlingmasinist moast er risselwaasjes meitsje. It wiene drokke dagen foar Bjinse. Hy moast wol sa’n trije kear nei Amsterdam. De keuring, it oanmjitten fan it unifoarm en de nedige papieren. Doe’t er yn syn unifoarm thúskaam krige er troch dat syn mem him eigentlik noch net misse woe, mar dêr Bjinse net om thúsbliuwe. In pear jier letter die Bjinse syn eksamen foar masinist. Hy slagge mei flagge en wimpel.

Bjinse fielde him op ’en doer net mear sa thús yn Hallum. As er oan ’e wâl wie, socht er wat dat er syn thús neame koe. Hy krige in tip. As hy nei in kroech gie, moast er it kastleinske freegje oft dy wat foar him wist. Hy die it. It kastleinske sei tsjin him dat er mar sitten gean moast. In skoftke letter kaam der in frommeske by him te sitten. Se praten wat. Nei in pear slokjes sei it frommeske, dat sei dat har namme Lena wie, dat er mar meikomme moast. Earm yn earm giene se nei Lena har hûs. Lena sei dat der miskien in beswier wêze koe. Se hie mar ien bêd. Bjinse betocht him net salang en al gau leine se neistinoar. Bjinse skrok de oare moarns wol efkes. Mar dat duorre net salang. Hy fielde dat er fereale op Lena wie. Lena warskôge Bjinse wol. Se wie widdo. Har pensjoen wie hiel goed en as se wer trouwe soe, dan wie se har pensjoen kwyt. Sa krige Bjinse in plak dêr’t er syn frije dagen trochbringe koe.

It waard 1939. Lena sei dat der oarloch kaam. Dy fint mei dy snor betroude se foar gjin sint. Se hie in Dútske mem en dy tocht der krekt sa oer. Bjinse tocht dat wol wat tafalle soe. Doe’t er de maitiids ferlof hie, belibbe er in wylde tiid mei Lena. Lena woe mem wurde.

In pear moanne letter krige er in brief fan Lena. Se betanke him dat er it klear krige hie. Se wie swier. As er wer by har kaam, koe er it sels sjen. Bjinse wie der eigentlik wol in bytsje grutsk op. Hy fantasearre der al oer hoe’t it wol wêze soe as er syn eigen bern op de earms hâlde soe. Syn hjerstferlof waard brûkt om alles ree te meitsjen foar de poppe.

Yn april kaam er wer by Lena. Lena wie der wis fan dat it berntsje ein maaie berne wurde soe. Op fiif maaie fear Bjinse wer fuort. It spiet him dat er der net by wêze koe. Mar it wie ek sa’t de earste stjoerman sei, harren libbe spile him op see ôf. Dat je net alles meimeitsje koene, spruts fansels.

Wat der yn Nederlân barde, hie Bjinse eins gjin idee oer. De markonist fertelde wolris wat oer wat er op de radio heard hie. Neffens him wiene de Dútsers op 10 maaie Nederlân ynfallen. Bjinse murk al gau dat der wat feroare wie. De kapitein hie it deroer dat de Atalanta troch it regear yn Londen foardere wie. As se de lading ôflevere hiene, dan moasten se nei Suriname. De kapitein tocht dat se dan ynskeakele wiene om bauksyt nei Amearika te bringen. Hy wie der wol tefreden oer. Dêr kamen gjin dûkboaten.

Bjinse syn tinzen giene nei Amsterdam. Soe syn bern sûn berne wêze? Somtiden, as er op bêd lei, seach er it bern foar him. Ien kear om de safolle tiid mocht er in Reade Krúsbrief ferstjoere. Nei in goed jier krige er andert fan Lena. Oan ’e ein stie stiene de nammen fan Lena en Lotte. Se hiene ôfpraat dat as it in famke waard, it Charlotte hjiite soe. Hy fantasearre deroer op wa’t it lykje koe. Soms siet er nachts op it dek nei de stjerren te sjen. Beppe hie him yn ’t ferline ferteld dat elk minske in eigen stjer hie. As it him no ris slagge om Lotte har stjer te finen.

Se krigen nije oarders. Se moasten nei Australië om stienkoal te ferfieren. Dat hiene se in skoft dien. Doe hearden se fan de markonist dat Nederlân wer frij wie. Bjinse skreau in brief nei Lena. In moanne letter krige er in brief werom. Dêr sieten foto’s fan Lotte yn. Se skreau sels dat se no al seis jier wie. Heit moast gau weromkomme en se woe graach dat er in moaie pop út dat fiere lân foar har meinaam.

It duorre Bjinse eins fierstente lang, mar doe sei de kapitein dat se wer nei Amsterdam ta giene. De Atalanta lei oan op it âlde plakje. Sa gau as er koe, gie er nei Lena. Hy murk dat Lena feroare wie. It spontane dwaan en litten wie derôf. Lotte wie tige optein dat se har heit no wier seach. Hy seach der krekt sa út as de foto. Bjinse hie in pop, dy’t op in kangeroe like, foar har meinommen. Doe’t Bjinse sei dat er wer fuort moast, woe Lotte foar dy tiid mei him op de foto. Lena fûn it mar neat. De foto waard nommen. Bjinse yn yn unifoarm en Lotte yn in matroazepakje by him op ’e knibbel.

Lotte wie tsien jier wurden. Bjinse seach der nei út om har ferlette jierdei noch te fieren. Hy kaam oan by Lena har hûs. It like oft it net mear bewenne waard. In buorfrou fong him op. Se sei dat Lena samar sein hie dat se ferhuze nei Frankryk. Se hie dêr ferkearing krige. Bjinse syn guod hie se yn trije koffers dien. Bjinse fûn in nije adreske. Hy joech no ek wer mear omtinken oan syn âlden yn Hallum. Hast alle dagen beseach er de foto’s fan Lotte. Hy wie ynearsten ûnwennich fan har. Dat sliet ek wer yn ’e rin fan ’e tiid.

Bjinse waard fiif en fjirtich jier. De personielssjef en hy praten oer syn pensjoen. Syn heit rette him oan om it spultsje yn Hallum oer te nimmen. It lân koe er brûke foar fetweidzjen en in keppeltsje skiep koene it lân wat op oarder hâlde. It wie in grutte feroaring. Hy hie yn Amsterdam bliuwe wollen, mar alle kearen as er wer yn de âlde omjouwing kaam, waard er ûnwennich fan Lotte. Dat nei Hallum ta wie faaks it bêste.

Hy rekke frij fluch wer yn it doarp thús. Al gau wisten se him te finen as der in putsje te dwaan wie. Hy wie der handich yn. Somtiden stjoerde de smid Bjinse him derop út om earne nei te sjen. Boppedat waard der in talint fan Bjinse ûntdutsen. Hy koe sa moai ferhalen fertelle. As er dat op in skoalle die, seagen de bern Súd-Amearika foar harren. Sa brocht Bjinse syn tiid troch. Mar jûns, dan helle er de foto’s fan Lotte wer út de kast. Wêr soe syn famke dochs wêze?

Doe’t Bjinse santich jier waard, wie it feest yn Hallum. Hy krige sels in lintsje fan de boargemaster foar syn ynset foar it doarp. Yn de Ljouwerter Krante kaam in hiel grut stik oer Bjinse. Der stie in grutte foto fan him yn syn unifoarm by. Neffens Bjinse hie der net sa folle drokte oer makke wurde hoegd.

It wie op in sneontemoarn dat Bjinse mei in putsje oan ’e gong wie. Hy hie net heard dat der in auto op de dyk stean bleau. Hy skrok doe’t er ‘folk’ roppen hearde. By de doar stie in frommes. Bjinse skatte dat se sa’n fjirtich jier wie. Ynearsten tocht er dat it wol wer in Jehova’s tsjûge wêze soe. Hy moast mar ris sjen wa’t sa betiid by de doar stie. Se stelde har foar as Lotte Venema. Miskien dat Lotte Langman him mear sei.

‘Bisto Lotte? Ik haw in protte oan dy tocht. Kom der yn. Dan kinne we wat byprate.’
‘Ja, it is fjirtich jier dat we inoar foar it lêst sjoen hawwe.’
‘Ik bin tige nijsgjirrich wat myn famke belibbe hat. Ik haw om dy socht, mar dat is noait slagge.’
Lotte fertelde hoe’t it har fergien wie. Har mem hie sein dat se ferhuzen om’t dy seeman harren ferlitten hie.
‘Jimme binne dochs nei Frankryk ferhuze?’
‘Ik wist net dat Amersfoart ek al yn Frankryk lei. Mem har nije flam wie in boekhanneler. Hy ferkocht kristlike boeken, mar ûnder de toanbank stie wat oars. Ik mocht altiten al graach lêze. Ik hie no boeken foar it útsykjen. Ryp en grien haw ik ferslynd. Ik bin nei de mulo gien en dêr moete ik in famke. Se hiet Sijke en ik bin my troch har Frysk begûn te fielen. Doe’t ik achttjen jier wie, wist ik fêst dat ik ferpleechster wurde woe, mei om’t Sijke dat fan doel wie. Ik haw myn oplieding yn Snits krige. Ik hie der gjin ferlet fan om wer nei Amersfoart te gean. Mem wie doe al opnommen yn in gesticht. Ik krige in nije pasjint te behanneljen. It wie Gauke. Hy hie yn tsjinst rude oprûn. Ik haw him mear as in healjier ûnder hannen hân. Doe’t er wer sûn ferklearre wie, sei er tsjin my dat er ûnwennich fan my wurde soe. Wy binne troud. Wy hawwe twa jonges krige en in neikommerke, in famke, Martsje. Ik wurkje noch op it konsultaasjeburo. Ferline wike is ús âldste, Rienk, troud.’

Bjinse fertelde ek wat er belibbe hie.
‘Ik bin bliid, Lotte, dat we inoar wer fûn hawwe. Wy sille op ’en nij begjinne moatte. Ik haw noch foto’s fan dy bewarre. Sille we dy der ris besjen? ‘
Lotte hie se noch noait earder sjoen. Se hie der wille om. Foaral dy foto fan har yn dat matroazepakje by har heit op de knibbel, moast se lang besjen.

De snein dêrop gie Bjinse nei Sibrandabuorren, dêr’t Gauke en Lotte wennen. Hy joech in protte omtinken oan Martsje. Dy wie út Lotte har mûle rûn.

Abe Westra

juny 27, 2020 07:20 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.