Alternativen foar podcasters dy’t gjin Afûkfrysk prate wolle

juny 10, 2020 14:17

fan Abe de Vries

Anne-Goaitske Breteler (24) út Ternaard en Sytze de Haan (30) út Holwert sille podcasts meitsje en wolle neffens de Leeuwarder Courant fan 9 juny 2020 net te folle Afûkfrysk prate – wat dat dan ek mar wêze mei. Se wolle, mei oare wurden, it Frysk brûke sa’t se it om har hinne hearre – wat fansels net al te bêst Frysk is en al gau útskaait nei in nuver mingtaaltsje.

Net te fier fuort wolle fan de strjitte is bêst, mar te fier weibliuwe fan de taal wer minder. En in bytsje sjeu yn it praat is fansels net ferkeard foar in podcast. Goed, it is Frysk: se moatte skipperje. Dêrom hjir in samling útdrukkingen/sprekmanieren út de foar-Afûktiid, nommen út ferhalen en lêzingen fan de man dy’t folle mear as de Afûk it Frysk foarme hat: Waling Dykstra.

Earst in hjoed-de-dei gongbere wize fan sizzen, dêrnei in alternatyf. Podcastmakkers, floggers, rappers, wrâldkeunstners, ienfâldige dichters en skriuwers, Fryskpraters yn it algemien: elkenien kin der syn foardeel mar mei dwaan. Nocht en wille!

Alles feroarje
alles út it plak sette

Bekend stean as in tsjoenster
Foar in tsjoenster gean

Bern dat net better wurdt
bern dat net op ’e haal komt

Bist gek wurden?
is ’t dy yn ’e sinnen slein?

Bûtensletten
bûtenskoattele

Dan kin men ’t net mear brûke
dan hat men ’t der mei dien

Dat kin wol wurde/oangean
dat moat mar ris oan ’e gong

Dat tink ik wol
dat hâld ik der al foar

Dat woe ik net/achte ik net goed
dat mocht ik net ha

De boel wie net opromme
de boel wie net op stel

De minderheid
de lytste helte

De moaiste klean oan
yn de uterste pronk

Der giene trije oeren foarby, doe…
der gyng in goed trije oeren ta in ein, doe…

Dêr hâlden se foar stil
dêr stuiten se foar

Dêr haw ik genôch fan/myn nocht fan
dat wurd ik sa sêd as grôt

Dêr komt neat fan yn!
dêr sil de duvel yn slaan!

Dêr seach er fan op
dat die him sa nij as fleanen

Dit is net bêst/is nuver
dit stiet der bryk by

Doe joech er it wiif in tút
doe naam er it wiif efkes by de kop

Dy hie de reputaasje
dêr gyng de rop fan

Earne oer neitinke
jin earne op beslypje

Eat mei opskipe wurde
eat oan ’e mage krije

Eat net goed kinne
eat gjin rjucht bestek oer hawwe

Eat buorkundich meitsje
mei eat by de rigel lâns gean

Elk mei wat gefoel
elk dêr’t wat fieling yn sit

Fan alles wie der folle
Der wie fan alles by de bult

Fan jin ôfhâlde
fan de hûd te kearen

Fan jongs ôf meijaan
yn de earste brij te iten jaan

Fan jôngs ôf
fan jongs op

Fiere in grutte steat
meitsje in brede swaai

Fierste folle
in ûnbehindige protte

Hawwe in grutte bek
skuorre de bek oan de earen ta op

Hiel moai klaaid/optutte
aldernuverichst yn ’e prûst

Hy die it gau
Hy die it mei gauwens

Hy doarst him net sjen te litten
hy doarst de holle net opstekke

Hy like op in (..), as er net ien wie
hy wie sawat in stik fan in (..), as er net in helen wie

Hy liket op jo
hy hat jo yn skouwing

Hy rûn kâns om gek te wurden
hy wie yn ’t gefaar fan gekwurden

Hy wie net oanwêzich
hy wie net by de wurken

Ik ferwachtsje der net folle goeds fan
ik ha it der net grien op

Ik soe dat graach oars wolle
ik soe der ris niget oan ha oft dat ek oars kin

Ik wol hawwe, dat
Ik wol deropút, dat

Immen foar trije gûne oplichte
immen foar trije gûne yn ’e nekke skoppe

Immen gjin rjucht te dwaan
immen te ferûngelykjen

In bern krije
yn ’t waarm bêd komme

In tuskenoplossing
in behelp

In winter sûnder snie en iis
in iepene winter

In wize fan sizzen
in sprekmanier

In ynklauwerige man
in man dy’t de fingers sa stiene dat se altyd nei him ta klauden

Is der noch wat oan te dwaan?
is der noch helpen oan?

It earste wat er die
it wie syn earste wurk

It gie as in rinnend fjurke troch de stêd
it gie as diggelfjoer troch de stêd

in stikje/eintsje fan de dyk ôf
in trêdmannich fan de dyk ôf

It is efkes nei acht oere
it is grut acht oere

It lytste risiko rinne om…
it minst aventoer hawwe om…

It wie in dei mei moai waar
it wie in moaie dei waar

It wie dêr stampfol
it wie dêr stoppende fol

Kin goed prate
is net op ’e smoel fallen doe’t it tiid wie om praten te learen

Kin net sa hurd rinne
is net ûnbidige fluch op skonken

Krityk jaan
der in oanmerking oer meitsje

Lit it breder hingje
slacht grutter swee

Lyts bern begjint lûd te grinen
hellet de poepmartenssang op út it heechste gat

Mei in tekst derop
mei lêzen derop

Moarnier betiid
moarnier sa gau’t de dei oan ’e loft is

Moarn oer in wike, dan…
As moarn komt noch in wike, dan…

Net in knappe man (uterlik)
net in heel oannimlik man foar de wrâld

No liket it oft ik bang bin
no gean ik foar skiter ôf

Oan de holle sangerje
Om de earen gûnzje

Oars bin ik bang dat…
oars haw ik soarch dat…

Ofkarrend kommentaar jaan  op eat
spitige reden oer eat jaan

Ofwiisd wurde troch in faam/feint
in blauwe skine rinne

Op stap wêze
op ’e sukkel wêze

Rinne kâns op
lizze derfoar bleat

Seach nuver op ’e noas
seach nuver by de noas lâns

Seach syn faam wol sitten
hie wol wat bestek yn syn faam

Se hat it sa’t it liket fergetten
it skynt har fergetten te wêzen

Se moatte oeral hinne en by wêze
Se moatte nei alle katstrûperijen te poathâlden

Se tinke goed om har affêren
Se hâlde de foet by de kûle

Se wie net oer te heljen/joech neat ta
se wie oer gjin strie te krijen

Se woe net wachtsje
se die gjin lichten

Smoarch guod ynnimme
smoarch guod yn de hûd gearslaan

Sûnder wat te sizzen
sûnder mar praatsjes te meitsjen

Ticht by de dea west hawwe
nei op ’e kant fan ’e dea west hawwe

Tiid om fuort te gean
tiid fan fuort

Tink dy no ris yn
tink no ris ta

Troch de tiid hinne
by de tiid lâns

Tsjin ús heit syn sin
tsjin de begearte fan ús heit

Wa hat jo stjoerd?
wa hat jo opstjoerd?

Wat der ek barre sil
al keart alles ûnderstboppe

Watfoar mâle bewegingen hy ek makke
hoe’t er ek skeanbille en earmtakke

Wêr sil er it oer hawwe?
wêr soe er it oer ha sille?

Wie fan ’t sintrum/oerstjoer
wie alheel fan syn saken

Wurde oerslein
reitsje foarby

Wurk gunne oan de leechste ynskriuwer
wurk by de minste oannimming bestelle

Yn it ûngelok stoarte
yn it leech fiere

[Sa earst mar – letter miskien ris mear.]

juny 10, 2020 14:17
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. mbc84 juny 10, 20:18

    Troch brekme oan ûnderwiis yn ús taal, skoot it Frysk hieltyd mear de kant fan it Hollânsk op.
    At dizze typkes gjin Afûkfrysk brûke wolle, moatte se faaks mar oergean op gewoan Hollânsk? Hoege se nearne mear oan te tinken en hoech ik dat brike heale Frysk neat oan te hearren…

  2. Abe juny 14, 16:29

    Nul reaksjes oan no ta op de earste berjochten oer it nije ‘learplan’ foar Frysk ûnderwiis dêr’t Cedin oan wurket. Gefoelige matearje, ek hjir by ItNijs.frl? Dat giet sa net goed mei de diskusje oer it ûnderwiis. It Fort Frysk hâldt stân en is wisberet de taal te redusearjen ta spielerei. Sûnder diskusje, sûnder fragen. Ynstitúsjonele belangen, ûnderwizersperspektiven en politike ûnwil, dat is alles wat der is. Ik skriuw net wer wat oer Frysk ûnderwiis en winskje de learkrêften in behâlden ôfsinken yn ûnbetsjuttenens. Bylden omskoppe, nee, dêr haw ik noait oan tocht. Mar dizze letargyske kultuer is behalve kroandea ek deadlik en fertsjinnet ek net better.

  3. Abe juny 14, 21:53

    Wêrom wurdt oer ditsoarte saken (‘learplan’ Frysk) gjin publike diskusje organisearre? Ik bedoel dus wat oars as in website iepenstelle foar reaksjes fan minsken dy’t net ienris witte dat der in website is of dat je dêr op reagearje kinne. Hup, nei de minsken ta, útlizze, ynformearje. Sjuch dames en hearen, dêr en dêr krije de bern aansen noch eat dat op Fryske les liket, mar dêr en dêr wurdt har memmetaal ûnderdrukt om’t dat en dat skoalbestjoer net begrypt wat meartalich ûnderwiis krekt ynhâldt. Fansels organisearret de útfierder (Cedin) of de opdrachtjouwer (Provinsje) sokke byienkomsten net. It moat op de âlde manier: goedbetelle technokraatsjes regelje de ûndergong fan de taal en jo en ik, dy’t dy taal alle dagen noch wat libben ynblaze, steane derby te sjen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.