Aant Mulder: Us swarte meiminsken

juny 23, 2020 07:00

Kollum

Black Lives Matter, dat is dúdlike taal. Sûnt de dea fan George Floyd wurdt op in grut ferskaat oan plakken troch grutte groepen dúdlik makke dat it sa net langer kin. It begûn allegearre yn Amearika en dat wie logysk. Sûnt binne protestaksjes en demonstraasjes yn tiden dat it hast net lije kin, oerslein nei oare dielen fan ’e wrâld. Dêr heart Nederlân ek by. De Dam yn Amsterdam, dêr begûn it wat ús lân oanbelanget allegearre. Dy demonstraasje late net daliks ta de diskusje dêr’t it om gean moatte soe, mar oft de demonstraasje al of net om de koroana ferbean wurde moatten hie. Sûnt hat hast elke stêd yn ús lân dy’t derta docht sa’n demonstraasje hân en de ein is noch net yn sicht. Ljouwert heart ek yn dat rychje fan stêden thús. De diskusje giet no ek oer wêr’t it oer gean moat, oer Black Lives Matter. Der is eins net mear in praatprogramma dat der net oer giet. Stânbylden waarden yn Amearika en Ingelân besmodzge en omhelle. Safier is it no te uzes ek.

Dat minsken yn opstân komme kin ik wol begripe, mar dat we yn ús lân eins itselde dogge as yn Amearika en Ingelân, dat fyn ik nuver. Hoewol, ik sjoch wat oer de holle, want te uzes giet it eins om twa dingen dy’t samar yninoar skowe: Black Lives Matter en Kick Out Zwarte Piet. Soks kin fansels ek allinne mar yn ús lân. Wat fierder opfalt is dat it likegoed Ingelsktalige protesten binne en bliuwe. De nammen allinne al: Black Lives Matter en Kick Out Zwarte Piet. Dat fyn ik nuver. As sokke gjalpen yn it Nederlânsk steld wêze soene en noch leaver yn it Frysk, dan soe ik my mear belutsen fiele. Ik wie my dat eins net iens sa hiel bot bewust. Dat feroare lykwols doe’t ik okkerdeis in pear ferhalen yn de eigen taal yn de Ljouwerter krante lies. Doe betocht ik, dat wa’t ôfstân nimt fan rasisme en diskriminaasje en dat yn in frjemde taal docht, dat dy dat wolris makliker dwaan kin as yn de eigen taal. Yn in frjemde taal stiet neffens my de ratio sintraal. Dat is te min. Yn de eigen taal begripe we de dingen better en de eigen taal ropt gefoelens op. Dat is de taal fan it hert. Dat sylt djip. Wa’t net diskriminearje wol, kin neffens my net om de eigen taal hinne.

Foar alle dúdlikens wol ik opmerke, dat net allinne de nammen fan dy demonstraasjes Ingelsktalich binne, dat binne party gjalpen ek. In pear foarbylden: Say their names, You can’t enjoy the rythm en ingnore the blues (Amsterdam), I can’t breath (Ljouwert), No justice, no peace (Swol), Our voices will be heard (Utert) en The new racism is to deny that racism exist (De Haach) om samar wat foarbylden te neamen. It hat der alles fan dat we yn it Ingelsk ôfstân nimme moatte fan wat ús foarfaars dien ha. Wy begripe wol dat dat perfoarst net troch de mesken koe. Dat ik tink dat dat wol slagget. Hoewol, in bytsje skiednisles yn de eigen taal kin dêr ôfgryslik by helpe. Mar binne we der dan? Sjoch, dêr leau ik neat fan.

Wa’t net diskriminearje wol, kin neffens my net om de eigen taal hinne.

Roymer Brouwer út Gaasterlân die wat ik tink dat barre moat. Hy utere him yn de foar him eigen Fryske taal. Hy hat nei De Bult yn Ljouwert ta west mei in boerd yn de eigen taal: Romte en rjocht foar ús swarte meiminsken (LC moandei 15 juny). Mar mear noch rekke my it ferhaal fan Michelle Samba út Grins wei mei har opmerking: ‘In heldere oplossing ha ik net’. Yn geef Frysk docht se har ferhaal yn de LC fan sneon 13 juny, fertelt se wat fan har ferwachte wurdt, dat se it publyk tasprekke sil. Ik betink opnij dat we it der gewoan yn it Frysk of yn it Hollânsk oer ha kinne moatte. DIzze minsken dogge dat, brûke gewoan de eigen taal.

Black Lives Matter begjint fansels mei de slavernij, dy’t net foarby wie doe’t dy yn 1863 ôfskaft waard. De minsken bleauwen ûngelyk en waarden ûngelikens behannele. Histoarysk besjoen wolle we ús lilkens kwyt op de haadpersoanen fan de slavernij. Dat is te begripen en dat is te oersjen. It probleem is fansels folle grutter en faaks ek allinnich noch mar folle grutter wurden. De slavernij hat rassediskriminaasje fan gefolgen hân en noch altyd. It giet no gewoan om diskriminaasje. Dat moatte we allegearre net wolle. Alle minsken moatte inoar gelyk behannelje. It opkommen tsjin de iene foarm fan diskriminaasje mei fansels gjin oarsoartige diskriminaasje fan gefolgen ha.

Dêr hat it no wol wat fan. Wy moatte op Ingelsktalige wize dizze diskriminaasje oan ’e kant reagje. Underwilens sjogge we op de sosjale media dat wa’t dat yn it Frysk docht of op in oare wize it Frysk brûkt, se nuver tateld kriget en dus diskriminearre wurdt. Dat kin dochs net de bedoeling wêze. De definysje fan diskriminaasje is dúdlik: It meitsjen fan ûnderskied tusken persoanen of groepen sûnder dat dêr goede reden foar binne. Yn it Hânfest fan de Feriene Naasjes wurdt dat begryp bûn oan: ras, geslacht, taal en godstsjinst.

As it ús tinken is, dan wurdt it tiid om te praten oer Swarte Libbens Dogge Derta of wat iksels moaier fyn: Swarte Minsken Dogge Derta en Skop Swarte Pyt Derút of krekt efkes dúdliker: Wâdzje Swarte Pyt derút. Sa moatte we dat sizze kinne en sa moatte we dêroer prate kinne. Begryp my goed, net elkenien hoecht dat yn it Frysk te dwaan, mar doch dat yn de taal dy’t dyn memmetaal is. It komt ommers op it gefoel oan! Nim diskriminaasje serieus as it om ras, geslacht, taal of godstsjint giet. Want wat moatte jo mei minsken dy’t it iene wol en it oare net serieus nimme.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon20 juny yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
juny 23, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cor Jousma juny 24, 12:43

    [Skop Swarte Pyt Derút of krekt efkes dúdliker: Wâdzje Swarte Pyt derút.]

    Ja Aant, soks komt ek by moai waar en sa’n 25 graden binnen. Soe net krekt dêrom it Frysk sa’n bytsje yn ‘e tsjerke brûkt wurde?

    Miskien wurdt it wol tiid om it Sinteklazemearke – dat no ienris op ús Europeeske skiednis en earder de Noardske mytology berêst – krekt as guon stânbylden yn it museum te setten.

    Jo kinne in mearke no ienris net fan beskate figueren berôvje, dan kloppet it ferhaal net mear. Tink mar oan dat mearke fan Hâns en Grytsje. As jo de heks – kompleet mei hekseferbrâning – derút helje, dan is it mearke net mear grouwélich te fertellen. It is net oars.

    As jo de feint fan Sinteklaas diskokleuren jouwe dan kloppet it net mear mei de oare ‘swarte’ figueren dy’t yn de ferskate Europeeske lannen sa’n soarte fan rol spylje.

    Boppedat wurdt it ek mei it each op de tige romme konsumpsje – lês earm en ryk – om it mearke hinne, stadichoan tiid dy figueren mar ris nei it museum te ferbannen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.