Aant Mulder: Glokalisearfriezen

juny 2, 2020 07:05

Kollum

It is moai dat we in Campus Fryslân fan de Ryksuniversiteit Grins yn Ljouwert ha. It is moai dat dêr heechleararen wurkje dy’t neitinke oer Ljouwert, Fryslân en hoe’t it fierder moat, benammen no nei de koroanakrisis. Casper van den Berg, heechlearaar bestjoerskunde, is sa’n man. Hy hat in dúdlik eigen ferhaal oer de takomst fan Fryslân. Wa’t dat ferhaal net lêzen hat, kin it opinystik op bledside 19 yn ’e LC fan 25 maaie fine. De titel liicht der net om: ‘Glokaliseerfriezen zijn wij allemaal’. Op de earste bledside iepenet de LC mei in redaksjoneel artikel oer datselde opinystik: ‘Friesland na de crisis: “Met eigen kracht naar buiten”. De LC fynt it dus in wichtich opinystik, dat is wol dúdlik.

Van den Berg skriuwt dat we opnij oer guon tema’s neitinke moatte. Hy is ek fan betinken dat it benammen mei de globalisearring oars en better moat. Globalisearring hie wolfeart fan gefolgen, mar wurke tagelyk negatyf út foar it plattelân, ferskraling fan it bioferskaat. Sosjaal kultureel besjoen ûntstie in hieltyd mear yn ’e ferdigening reitsjend regionaal oriïntearre wize fan libjen mei maatskiplike polarisaasje fan gefolgen. De heechlearaar stelt dat we de globalisearring fan foar de koroanakrisis mei alle ôfhinklikens dy’t der by hearde grif net werom wolle. Dat globalisearring bliuwt, nedich bliuwt, kinne we allegearre fan tinken wol ha, lês ik fierder. Hy fynt dat ús lieders no likegoed wat te kiezen ha. Dat bin ik wol mei him iens as it oer Europa giet, oer Nederlân faaks, mar foar Fryslân jildt dat amper.

Kampus Fryslân fan de RUG yn it eardere Beursgebou (foto Wikimedia Commons)

Van den Berg is fan betinken dat Fryslân himsels krekt no goed op ’e kaart sette moat. Dat is fansels net ferkeard. Yn dyselde alinea skriuwt er dat we it ferskil tusken blokkear- en ynnovearfriezen efter ús litte moatte. Wat seit er no? Dan bin ik him suver efkes kwyt. Hy komt mei in tsjinstelling dy’t neffens my hielendal net bestiet. Dy pear blokkearfriezen, dy’t in bus tsjinholden om gedoch by de Sinteklaasyntocht yn Dokkum foar te kommen, kinne dochs net ferlike of sels ôfset wurde tsjin al dy ynnovearfriezen. Wêrom soene guon fan dy blokkearfriezen net tagelyk ynnovearfriezen wêze! Mar lêzendewei wurdt dúdlik dat de heechlearaar de namme blokkearfriezen foar in part foar in hiel oare en folle gruttere groep brûkt. Ik leau dêrom dat ik no ek in blokkearfries bin.

Nijsgjirrich is wol de opmerking dat soks allinne mar slagget
as blokkear- en ynnovearfriezen gearwurkje

Hoe sit dat no krekt. Van den Berg wol mei de namme blokkearfriezen in beskate mentaliteit oantsjutte. Hy stelt dat de blokkearfriezen in gruttere groep sympatisanten hawwe. Dat binne neffens him de minsken dy’t op ús plattelân, yn ús doarpen en stêden wenje. Dat binne de minsken dy’t oan keatsen en skûtsjesilen, oan ringriden en iepenloftspullen dogge. It giet dus om de Fryskeigen sporten en kultuer. Oer de taal seit er neat, mar dy sil der ek wol by hearre. It giet derom dat der in stip op de kimen set wurde moat as it om ynnovaasje giet en dat de blokkearfriezen en dy gruttere groep sympatisanten mear omtinken krije moatte om dat goed foarinoar te krijen. De krêft fan de lokale mienskippen soe Fryslân in foarsprong jaan kinne. Dat bin ik dan wol wer mei him iens. It giet him lykwols om ynternasjonalisearring fan heger ûnderwiis en ûndersyk rjochte op wetter, iten, enerzjy, bou en tsjinstferliening.

Dat lit ik mar gewurde. Nijsgjirrich is wol de opmerking dat soks allinne mar slagget as blokkear- en ynnovearfriezen gearwurkje. It docht wat nuver oan foar immen dy’t gearwurkje wol om dan earst in grut part fan de Friezen yn de hoeke fan de blokkearfriezen te drukken. De kâns fan slagjen om fan blokkear- en ynnovearfriezen ien groep glokaliseerfriezen te meitsjen wurdt der sa net grutter op, nettsjinsteande de positive opmerkingen dy’t wol makke, mar net ferdúdlike wurde. Sa wurdt it in heikarwei om fan dy twa groepen ien te meitsjen om sa mei-inoar dy stip op de kimen te setten.

Yn it neamde redaksjonele artikel wurde in pear dingen noch krekt efkes dúdliker steld. It giet om in iepen blik op de wrâld en romte foar it Fryskeigene. Dy beide begripen passe hiel goed byinoar, seit Van den Berg yn dat fraachpetear. Dan wurd ik suver nijsgjirrich nei hoe’t dat bedoeld wurdt. Dat lês ik net. Ik lês wol hieltyd oer it ferskil tusken blokkear- en ynnovearfriezen, dy’t dus allegearre glokalisearfriezen wurde moatte. Ik lês oer minsken dy’t yn it ferline en yn ‘e takomst libje, dy’t efterútsjogge en foarútsjogge, minsken dy’t it wol en net begripe. It is wol dúdlik hokker omskriuwing by hokker groep heart. De heechlearaar fernijt ús yn dat petear dat hy dy ferskillen net sjocht. Hoewol’t hy se beneamt, nimt er der tagelyk ôfstân fan. Mar wa sjocht dy ferskillen dan wol? Dat bliuwt wat ûndúdlik.

Dy beide mentaliteiten, it Fryskeigene en de iepen blik op ’e wrâld moatte ien wurde. Der moat omtinken komme foar de eigen identiteit, de grutskens op de eigen regio en tagelyk moat de hân útstutsen wurde nei de wrâld ta. Ik bin it dêr wol mei iens, mar tagelyk fernuveret it my wol wat. Wa’t sinjalearret dat in grut part fan de Fryske befolking efterút sjocht en it net begrypt, soe begripe moatte dat sokke Friezen en de ‘mondiale’ Friezen net daliks ien mentaliteit binne. Hawar, Van den Berg is fan betinken dat it kinne moat. Likegoed tink ik dat as de globalisearring sa’t de heechlearaar dy foar eagen hat, mislearret, de blokkearfriezen de swarte pyt taspile krije.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 30 maaie yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

 

juny 2, 2020 07:05
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Abe juny 5, 13:34

    It iennichste publyk tagonklike antikwariaat yn “Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Europa City of Literature” mei in hieleboel Frysktalige literatuer hâldt der mei op. Wylst – of omdat? – “wy” folút gean foar de subliterêre snackbarkultuer op festival en poadium hâlde de skatkeamers útferkeap en ferwaaie de boekeblêden oer it Saailân. In pear jier lyn gie Atsee yn Dokkum al foarop yn itselde lot. Selsbetochte skiedingen oanbringe tusken de iene en de oare soart Friezen (der binne mar twa soarten blykber) tsjinnet gjin inkeld doel yn in kultuer dy’t net ynteressearre is yn syn skriuwers, gjin boeken lêst en inkeld begjint te skriemen as troch ien of oar firus it meartalich en follekleurich festivaltsje op ‘e hoeke efkes net trochgean kin.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.