Aant Mulder: Foar de kofje net eamelje

juny 16, 2020 07:00 Fernijd

Kollum

Fan ’e wike lies ik yn in artikel yn de LC it tiidwurd eamelje, eameljen. It wie yn in koart artikel, dat gie oer de Jongfryske Mienskip, dy’t him deroer fernuveret dat de donorfolder net yn it Frysk te krijen is, wylst dat wol it gefal is yn sa’n acht oare talen. ‘Wy moatte manmachtich eamelje by it Meldpunt Fryske Taal’, lês ik. De Provinsje, dy’t oer dat Meldpunt giet, hat de klacht al besjoen en ik begryp dat dy der neat mei dogge. Dêr ha se net lang oer neitocht. Ik hie ek net oars ferwachte. It is in folder fan de Ryksoerheid en de Provinsje hat gjin jild foar sokke oersettingen, sizze se. Hawar, sa’t Chris van Hes fan dy Jongfryske Mienskip it seit, dat bliuwt hingjen: ‘As se wolle dat ik myn hert skink, moatte se my ek yn de taal fan myn hert oansprekke.’

Dy folder, dat struibrief soe ’k sizze, dêr wol ik it fierder net oer ha, dat lit ik mar gewurde. Ik wol it ha oer dat wurdsje eameljen. Dat tiidwurd krige my yn ’e besnijing. Dat hat te krijen mei it feit dat ik it krekt wat oars brûk as yn it neamde artikel. Eamelje, dat betsjut foar my der wat yn om prate, hiele ferhalen hâlde sûnder ynhâld, hieltyd itselde beneame, net ophâlde en gean sa mar fierder. Wy sizze ek wol eamelje en seamelje as ferhalen neat te betsjutten ha. Yn it neamde artikel sil grif net tocht wêze oan dat eameljen, mar oan seuren en sa kin eameljen ek wol brûkt wurde. Dêr kom ik noch op.

In eamel of in eameler is in persoan dy’t eamelet, mar in eamel of eameler is ek in mychammel, mycheameler of mychhimmel en dan bedoele we bistjes út it skift fan de flueswjukkigen, dy’t meastal yn grutte kloften libje, en dy’t we ornaris gewoan ‘mieren’ neame. It binne bistjes dy’t in protte drokte útjouwe. Wat se dogge sit struktuer yn. Sy witte wat se dogge en wat se mei-inoar berikke wolle. Alteast sa ha ’k dat begrepen. Dat kin fan dy oare eamelers net sein wurde. Dan giet it folle mear om kleien en kliemen.

Ik tink dat we mei wurden as eameljen en seuren net botte fier komme, dat dy net folle fertuten dogge as men wat berikke wol.

Hawar, hoe’t it ek bedoeld is, mei eameljen komme we dus net botte fier. Wa’t twivelet, moat mar tinke oan wurden as: eamelbek, eameler, eamelgat, eamelkont, eamelkroade, eamelpot, eamelpûde en eamelskûte. Wy kinne sels fan piken sizze dat se begjinne te eameljen. By net ien fan dy wurden tink ik oan in goede sprekker. It wol my dus net oan dat we mei manmachtich te eameljen wat berikke, of it soe wêze moatte dat we der mei-inoar om seure moatte, dat dat dus bedoeld wurdt. Dat kin fansels ek. Seure stiet gewoan yn it Frysk Wurdboek. Dat betsjut safolle as: jeuzelje, klieme, tsjânselje en noch in pear fan dat soarte fan foarmen. Wat wier is moat sein wurde, eamelje heart der ek by. Likegoed tink ik dat we mei wurden as eameljen en seuren net botte fier komme, dat dy net folle fertuten dogge as men wat berikke wol.

Wy moatte flinke taal brûke as we begrepen wurde wolle. Dat kin hiel goed. Wy ha mooglikheden genôch. Wy moatte net: grolje of pûlemûlkje (ûndúdlik prate). Mei mompeljen, prommeljen en protteljen komme we ek net botte fier. Foar soks moat men in wisse prater ha, immen dy’t it besteklik sizze kin, immen dy’t de wurden wol fuortkrije kin. Sa’n ien moat net eamelje of seure en dat docht dy grif ek net. Sa’n ien sil sûnder omwynsels planút tinktaal brûke, de hichte helje.

Sa besjoen ha we in grut ferskaat oan wurden en útdrukkingen om de dingen al en net te sizzen, of om de dingen dúdlik en ûndúdlik te sizzen. Der binne gâns wat mooglikheden om nuânsen oan te jaan, rekken hâldend mei de sprekker, de harker en it boadskip. Fan de sprekker kinne we bygelyks sizze: de mûle yn beide hannen ha, der mar wat hinne sizze, yn ’t wyld prate. De harker kin Immen yn de mûle hingje, immen de wurden út ’e mûle heine, meistimme. Oer it boadskip kin sein wurde: mei de waarme hân oerbringe, rûnkrantsje, it praat giet as diggelfjoer, fan hearren en sizzen, der is oars gjin praat.

Eamelers (foto pixabay.com)

No, der binne dus gâns mooglikheden om wat te sizzen. It binne net daliks wurden om dingen klear te krijen. Dy wurden sette grif gjin seadden oan ’e dyk. Dan kin men dat dochs better oars dwaan. Dan moat men ferhaal helje, de oar it mannewaar opsizze, de oar derop fergje, de poat stiif hâlde, en jin net ôfsâltsje litte. Hawar, yn datselde krantestikje waard it al dúdlik, it eameljen wie goed bedoeld, mar die tagelyk gjin fertuten. Eameljen smyt út soarte net folle op. Wy moatte der ek net folle fan ha, want wêr soe oars de siswize ‘Foar de kofje net eamelje’ weikomme. Gjin geseur foar de kofje dus! Der binne sels tegeltsjes fan makke om ús dat foar te hâlden. Dy siswize, al of net op tegeltsjes, is in hiele aardichheid. Dat wurdsje eameljen is sa’n typysk Frysk wurd dat Hollanners it net útsprekke kinne en al hielendal net begripe. Te uzes is eamelje wat dat lytse bern en âlde minsken dogge. Eameljen is ek wat foar minsken dy’t graach e-mailtsjes ferstjoere en dat dwaan dan net e-maile, mar eameljen neame. Hawar, dy jouwe der in oare betsjutting oan. Ik betink no lykwols ynienen dat it eameljen yn dat LC-artikel ek wolris as it ferstjoeren fan e-mailtsjes bedoeld wêze kin.

Hoewol’t ik yn dizze kollum ek aardich oan it eameljen bin, moat ien ding dúdlik wêze: ‘As se wolle dat ik myn hert skink, moatte se my ek yn de taal fan myn hert oansprekke.’ Dat is gjin geëamel. dat is dúdlike taal. Hoe kinne we dêr mei-inoar wurk fan meitsje?

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon13 juny yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
juny 16, 2020 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.