Aant Mulder: De dokter, de skoalmaster en it Frysk

juny 30, 2020 07:00

Kollum

Yn in koart skoftke tiid sjoch ik trije kear enkêten oer it Frysk foarby kommen. Ik bin der net mear hielendal wis fan, mar neffens my binne it allegearre digitale fersiken. Op dat stuit doch ik der efkes neat mei. Ik tink fan en ta wolris dat we oan ’e gong bliuwe kinne. Hieltyd opnij mar wer fragen beänderje en neat bedije. Sa fielt it alteast. Guon soene grif sizze: ‘It hâldt jin fan ’e dyk’. De trije enkêten ha diskear te krijen mei Frysk yn ’e soarch en Frysk yn it ûnderwiis. It muoit my dat ik der net daliks wat mei dien ha, want it weromsykjen ferget tiid en ynspanning. Sa wurde guon beswieren daliks al dúdlik. Men moat digitaal in bytsje by de tiid wêze, men moat eins daliks yn aksje komme en men moat wat mei it ûnderwerp ha.

De earste enkête giet oer de taal dy’t we it leafst brûke by de dokter of yn it sikehûs. In enkête is in grut wurd. It giet om in mail oan de Afûk. Frege wurdt om yn dy mail oan te jaan hokker taal de foarkar hat en wêrom (motivaasje). Dat is te dwaan. It smyt dan ek net folle mear op as in artikel. It liket my hielendal net sa lestich ta. Fryskpraters wolle fansels graach Frysk prate en dogge dat ek wol as it kin. It wurdt in oar ferhaal as de ferpleechkundige of de dokter gjin Frysk praat. As de medyske fragen dan de gewoane kant it neist binne en as de assistinte, de ferpleechkundige of de dokter wol aardichheid oan it Frysk hat, dan sille Fryskpraters faaks noch wol Frysk prate. As de medyske fragen yngewikkelder wurde, as it derop oankomt, en de saakkundige wol it net of kin it net begripe, dan sille Friezen har grif ferbrekke. De sûnens komt foar de taal! Hawar, ik bin net immen, dy’t alle enkêten ynfollet. Dizze dus ek net. Likegoed bin ik wol benijd nei it artikel en sa sille der wol mear wêze,

De twadde enkête is dy fan Cedin. Dêr binne se noch hieltyd drok dwaande mei it nije learplan Frysk, twadde faze, dat foar 1 oktober klear wêze moet. Dat learplan is te finen is op www.kurrikulum.frl. Wa’t goed op de site siket, fynt de fragelist wol. It giet no net mear om de Grutte Opdrachten. Dy ha earder oan ’e oarder west en dêr ha ik ek al earder wat fan fûn. Nee, it giet no om de boustiennen dy’t by twa fan dy GO’s hearre. Sy binne dus noch net klear. Hoewol’t it ynfoljen fan de 26 of 28 fragen mar in kertierke tiid ferget, moatte de boustiennen fansels earst wol bestudearre wurde en dat ferget aardich wat mear tiid. Hawar, it giet hjir om fragen oan professionals, dus dat moat kinne. Ik soe likegoed wol witte wolle hoefolle oft fan dy professionals dêr de tiid foar nimme, de boustiennen bestudearje en de fragelist ynfolje.

Men moat digitaal in bytsje by de tiid wêze, men moat eins daliks yn aksje komme en men moat wat mei it ûnderwerp ha.

De tredde enkête giet ek oer it ûnderwiis. Dy komt wol út in hiele oare hoeke. Wy moatte by BAST/SisTsiis wêze, dy aksjegroep dy’t opkomt foar better Frysk op skoalle en dan benammen better Frysk op de basisskoallen. De measten fan ús ha wat dat oanbelanget noch wol bylden op it netflues stean fan de lytsere en gruttere demonstraasjes yn Ljouwert en De Haach. It sil fan de koroana komme dat we de lêste tiid net folle mear fan BAST/SisTsiis hearre. Hoewol, mei oardel meter ôfstân hiene se neffens my wol út ’e fuotten kinnen. Wat sei, dan hiene de groepen allinne mar grutter like! Likegoed hat de aksjegroep net stil sitten. Dy hat in online fragelist gearstald om better ynsjoch te krijen yn hoe’t heiten en memmen, paken en beppen en oaren oer it Frysk op skoalle tinke.

Dat dit in online enkête is, begryp ik hielendal. It betsjut dat de enkête ynfolle wurde kin, wannear’t heit en mem, pake en beppe dat mar wolle. Men moat fansels wol witte wêr’t dy enkête fûn wurde kin. Wa’t siket op BoargerAksjegroep SisTsiis of streekrjocht nei https://sistsiis.frl  giet, is daliks te plak. Gewoan skrolle nei de enkête en foar wa’t dat wol nei de útslaggen. De enkête is maklik yn te foljen. Dat is net in heikarwei en it ferget ek net in protte tiid, mar it jout wol in moai ynsjoch. Op dit stuit ha sa’n tachtich minsken de enkête ynfolle, Dat is in moai begjin, benammen om’t de site noch net sa lang online is. Dat folle mear minsken meidwaan moatte, dat is fansels dúdlik. It is in moai ynstrumint om sjen te litten hoe’t âlden, paken en beppen en oaren oer it Frysk op de basisskoalle fan har bern en bernsbern tinke.

De BoargerAksjegroep fertsjinnet in komplimint foar it opsetten fan dizze enkête. Alle ynformaasje dy’t frege wurdt kin yn listen, oersjoggen, statistiken en sirkeldiagrammen weromsjoen wurde. Nei elke nije of ‘âlde’ dielnimmer dy’t de ynformaasje ynfollet of oanpast, feroaret dy ynformaasje wer. Sa’n dúdlike enkête ha ik eins nea earder sjoen. Ha ’k dan gjin krityk? Jawis wol, BAST/SisTsiis brûkt dy site tagelyk om it eigen ferhaal fan begjin oan ein te fertellen; der wurdt neat oerslein. Dat makket it foar myn gefoel allegearre wat minder neutraal. Dat hie om my net hoegd. Begripe doch ik it wol.

foto Aant Mulder

Dizze lêste enkête soe ik oan meidwaan wolle. Ik bin lykwols in heit, mar de bern binne al lang fan skoalle ôf. Dat wurdt him dus net mear. Ik bin ek in pake, mar de pakesizzers wenje om utens. Dat wurdt him dus ek net, hoefolle aardichheid dy ek oan it Frysk ha. Ik soe ûnder de groep ‘oaren’ falle kinne, mar dat wurdt him ek net. Ik ken gjin buorjonges en -famkes, omke- en muoikesizzers of noch oaren op de basisskoalle dêr’t ik foar prate kinne soe. It is net oars. No wol ik ris in enkête ynfolje, kin it wer net. Sa ha jo ek hieltyd wat!

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 27 juny yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

juny 30, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.