2,5 miljoen euro subsydzje beskikber foar Fryske monuminten

juny 3, 2020 20:09

Eigners fan Fryske monuminten kinne yn septimber 2020 subsydzje oanfreegje by de provinsje. Fan ‘t jier is mei-inoar 2,5 miljoen euro oan Ryks- en provinsjaal jild beskikber. Oanfreegje kin fia www.fryslan.frl/monumenten.

Harsta State yn Hegebeintum (foto: Arjan Bronkhorst)

Deputearre Klaas Fokkinga: “Yn Fryslân binne der sa’n 6000 monuminten. Sy fertelle it Ferhaal fan Fryslân. Wy moatte goed op ús erfgoed passe, dat is wichtich foar de identiteit fan ús provinsje. Dizze subsydzje helpt dêrby. Boppedat hâldt it ús stêden en doarpen moai en leefber.”

Restauraasje, werbestimming en ûnderhâld
De subsydzje is ornearre foar restauraasje en werbestimming. Nij dit jier is dat njonken ryksmonuminten ek gemeentlike monuminten en karakteristike gebouwen yn oanmerking komme. Der is ek subsydzje beskikber foar it ûnderhâld fan ryksmonumintale mûnen. Wenhuzen komme net yn oanmerking. Oanfreegje is mooglik fan 14 oant en mei 18 septimber 2020. It oanfreegjen fan subsydzje foar plankosten kin fan 14 septimber oant en mei 30 oktober 2020.

2019
Yn 2019 wie der 1,9 miljoen euro subsydzje beskikber. Dêr binne 64 projekten mei holpen. Ien dêrfan wie Harsta State yn Hegebeintum. De provinsje stelde goed 120.000 euro beskikber foar restauraasjewurk oan dy histoaryske Fryske state.

juny 3, 2020 20:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.