Ynspeksje wol dat provinsje skoallen efter de broek sit: it fak Frysk moat flugger ferbetterje

maaie 3, 2020 22:11

Foto: pixabay.com

Skoallen moatte net oant 2030 de tiid krije om it fak Frysk op oarder te krijen. Dat is it betinken fan de ûnderwiisynspeksje. Yn in nij rapport oer it ûnderwiis is de ynspeksje tige kritysk oer de tydlike ûntheffings dy’t de provinsje oan skoallen jout foar it jaan fan it fak Frysk.

De provinsje hat in pear jier lyn it foech krigen om fêst te stellen wat de ynhâld fan it fak Frysk wêze moat en om skoallen ûntheffings te jaan. Dêr makket de provinsje op it stuit op grutte skaal gebrûk fan. Doel is wol dat alle skoallen yn 2030 oan de easken foldogge.

De ûnderwiisynspeksje leaut dat sokke tydlike ûntheffings net liede ta mear ambysje by skoallen. De measte skoalbestjoeren hawwe oan de ynspeksje te witten dien dat se gjin belied ha om it fak Frysk te ferbetterjen. Deputearre Sietske Poepjes seit dêroer: “Spitigernôch is dat byld wol werkenber.” Se seit dat de provinsje der wol hieltyd by skoallen op oanstiet dat se mear harren bêst dogge.

De ynspeksje seit dat it Ryk der ek ris nei sjen moat oft Fryske skoallen net mear jild krije moatte, omdat dy in fak mear oanbiede moatte as skoallen yn oare Nederlânske provinsjes.

maaie 3, 2020 22:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.