Winner online talintejacht MartiniPlaza bekend

maaie 17, 2020 08:57 Fernijd

Op 3 april lansearre MartiniPlaza in online talintejacht. Elkenien dy’t de stjerren fan de himel sjongt of op prachtige wize in ynstrumint bespylje kin, waard oproppen mei te dwaan. De haadpriis? In optreden yn it foarprogramma fan de Edwin Evers Band, mei The Originals.

Ofbylding: MartiniPlaza

Mandy Nijboer winner
Mandy Nijboer stjoerde it nûmer ‘Stay’ fan Sugerland yn. Mei in aktive kampanje ûnder har efterban wist se mar leafst 1679 stimmen te sammelen en is dêrmei de winner fan de talintejacht. De twadde en tredde priis gean nei Julia Lefers en Nienke Bak.

Grut sukses
De organisaasje is bliid mei de respons op de talintejacht. Mei tsientallen ynstjoerings is dúdlik dat Grins en omjouwing barst fan it talint. “Hoe spitich is it dat no yn de krisis sok talint allegear thússit? Dêr woene wy wat oan dwaan”, seit de organisaasje. “Dat dit projekt sa’n sukses wurden is, smakket nei mear. Wy sille dan ek sjen hoe’t wy trochgean kinne mei it stimulearjen fan minsken om thús mei muzyk of teäter dwaande te wêzen.”

Mear as 4200 stimmen útbrocht
Op 30 april makke de sjuery besteande út Willem de Kok (direkteur MartiniPlaza), Annerie Knol (programmeur MartiniPlaza Theater), Karin Noeken (regisseur, artistyk lieder fan Theater de Steeg en bekend fan kabaretformaasje Vrouw Holland) en Erwin de Vries (tekstskriuwer/sjonger) in Top 10 bekend. Dêrnei hawwe de artysten sels stimmen sammele troch safolle mooglik minsken harren ynstjoering like te litten. Yn totaal binne mear as 4200 stimmen útbrocht.

Foarprogramma Edwin Evers Band
De winneres stiet yn it foarprogramma fan de Edwin Evers Band en sjongt har nûmer mei The Originals. De twadde en tredde priis bestean út in VIP-teäterarranzjemint en in Donar Slam-Dunk VIP-arranzjemint.

maaie 17, 2020 08:57 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.