‘Wat in koffer seit, fersen út Theresienstadt’

maaie 5, 2020 20:45

Ik bin in lytse koffer út Frankfurt am Main
en ik sykje myn baas, wêr is er toch tein?

As de muorren prate koene, de muorren fan Theresienstadt… Mar muorren hâlde har net ivich en altyd stil. Tanksij Ilse Weber (1903-1944) witte we wat se sein hawwe. Sy hat de muorren harren ferhaal dwaan litten.

Ofbylding: Afûk

By útjouwerij Afûk is de twatalige bondel Wat in koffer seit, fersen út Theresienstadt ferskynd. It boek is skreaun yn it Dútsk troch Ilse Weber en oerset yn it Frysk troch Eppie Dam. De bondel is ta stân kommen nei oanlieding fan it teäterprogramma ‘Holocaust-Hollywood, de kinderen van Ilse Weber’ fan en troch Inez Timmer en Tseard Nauta. De foarstelling soe oarspronklik op 4 april yn Ljouwert yn premjêre gien wêze, mar is troch de hjoeddeistige omstannichheden mei it koroanafirus earst in jier útsteld. De bondel mei de gedichten dy’t de basis foarmje foar de ymposante, meartalige muzykteäterfoarstelling is der dêrtroch no earst.

Ilse Weber wie in Joadske frou fan Dútsk-Tsjechysk komôf. Sy skreau berneboeken, harkspullen en prachtige gedichten. De Dútsktalige gedichten dy’t se yn it geheim skreau yn it modelgetto Theresienstadt dêr’t se as nachtsuster yn it bernesikehûs wurke, wiene foar in protte finzenen in beaken fan hoop. Yn de ynlieding yn de bondel fertelt Inez Timmer yn it koart it libbensferhaal fan dizze bysûndere frou en hoe’t har gedichten op wûnderbaarlike wize de oarloch oerlibben.

De oersettings fan de gedichten nei it Frysk binne net by tafal fan Eppie Dam. Dam (1953) is dichter, berneboekeskriuwer en oersetter en sette al earder lieten foar Timmer oer, ûnder oare it ferneamde ‘Lili Marleen’.

maaie 5, 2020 20:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.