Wat Dingtiid foar it Frysk dien hat

maaie 3, 2020 20:57

Dingtiid hat ferline jier minsken yn it ûnderwiis byinoar brocht om te praten oer de ferbettering fan it fak Frysk. De organisaasje hat praat mei rjochtbanken, de meldkeamer yn Drachten en mei DUO oer it gebrûk fan it Frysk en de meiwurkers hawwe ûndersyk dien nei it plak fan it Frysk yn de Fryske gemeenten dy’t ûntstien binne nei de resinte weryndielings.

Dat skriuwt Dingtiid yn syn jierferslach. Dingtiid is in ynformaasje- en advysorganisaasje fan de oerheid op it mêd fan de Fryske taal. De organisaasje hat ferline jier in nije foarsitter krige: Jan Koster naam de lieding doe fan Tytsy Willemsma oer. De organisaasje hat trije minsken yn tsjinst: Anne Popkema, Tjallien Kalsbeek en Froukje Sytsma.

Klik hjir om it jierferslach te lêzen.

maaie 3, 2020 20:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.