Waarpraatsje: Waarme Twadde Pinksterdei

maaie 31, 2020 19:18

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in kreas wykein, mar der stie Pinkstersnein wol in soad wyn. Moandei (Twadde Pinksterdei) wurdt it waarm.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei is it helder, mei wol wat hege bewolking. De noardeastewyn is swak, by de kust lâns matich en de temperatuer leit om de 9 graden hinne.

Twadde Pinksterdei skynt de sinne, nettstjinsteande hege bewolking, flink. De wyn komt út it easten oant noardeasten en is swak oant matich, by de kust lâns matich oant frij krêftich. De temperatuer leit tusken de 19 en 23 graden.

Healwei takomme wike krije wy oar waar. It wurdt minder waarm en der is kâns op rein.

Jan Brinksma

maaie 31, 2020 19:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.