Waarpraatsje: Waarme nacht

maaie 21, 2020 18:34

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in strieljende en waarme Himelfeartsdei mei in temperatuer fan tusken de 20 en 25 graden. Freed is it ek noch oan de waarme kant, mar der is wol mear bewolking.

Yn ´e nacht fan tongersdei op freed is it earst helder, mar letter rekket de loft berûn. De wyn komt út it suden oant súdeasten en is swak, by de kust lâns matich. It wurdt net folle kâlder as 15 graden.

Freed is de loft berûn en op guon plakken soe it wat reine kinne. De sudewyn is swak oant matich, mar yn ‘e middei giet de wyn nei it westen en boazet er oan. De temperatuer leit tusken de 20 en 24 graden, Yn ‘e rin fan ‘e dei kuollet it flink ôf.

Yn it wykein wurdt it minder waarm en is der kâns op in inkelde bui. In soad delslach wurdt net ferwachte.

Jan Brinksma

maaie 21, 2020 18:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.