Waarpraatsje: Waarme Himelfeartsdei

maaie 20, 2020 18:57

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in rêstige maitiidsdei mei noch wol (in soad) bewolking, mar der stie net in soad wyn en dêrom fielde it noflik oan. Tongersdei (Himelfeartsdei) wurdt in simmersk waarme dei.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei is it helder. Op guon plakken kin damp ûntstean. De wyn giet nei it súdeasten en is swak, by de kust lâns en boppe de Iselmar matich. De temperatuer leit om de 8 graden hinne.

Op Himelfeartsdei skynt de sinne flink, mar der is ek hege bewoliking en letter komme der hingelwolken. Yn ‘e rin fan ‘e dei is der ek kâns op wolkefjilden. De swakke wyn komt earst út it suden, mar letter út ferskate rjochtingen. By de kust lâns kin de wyn yn ‘e middei fan see waaie. It wurdt 20 oant 25 graden.

Freed is it ek noch waarm.

Jan Brinksma

maaie 20, 2020 18:57
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Ed Knotter maaie 21, 09:39

    Hingelwolken. Moai dy byldzjende Fryske wurden.
    By in hingelloft giet it om in wolkebank dêr’t it fûl út reine kin. Dat sil hjoed, himelfeartsdei, net it gefal wêze.
    Mar ik hoopje se te sjen, dy hingelwolken. Ik leau net dat it Hollânsk dêr in wurd foar hat.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.