Waarpraatsje: Tuskenbeiden waar

maaie 15, 2020 18:00 Fernijd

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kâlde nacht en in freed mei net in hiel soad sinne krije wy in wykein mei kreas waar, mar echt maitiid wurdt it noch net.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf. Op guon plakken kin (wat) damp ûntstean. De wyn giet fan it noarden oant noardwesten nei it súdwesten en is swak, by de kust lâns swak oant matich. De temperatuer leit tusken de 3 en 7 graden.

Sneon is de loft berûn, mar yn ‘e middei en de jûn sille wy, nei alle gedachten, de sinne ek noch sjen. De wyn is swak oant matich en komt út it súdwesten. Yn ‘e rin fan ‘e dei giet de wyn nei it westen oant noardwesten. De temperatuer leit tusken de 11 en 15 graden.

Snein feroaret der net folle oan it waar. By in matige westewyn skynt de sinne sa út en troch. It bliuwt boppedat drûch en mei 15 graden is it noch hieltyd wat te kâld foar de tiid fan it jier.

Takomme wike wurdt it waarmer. De temperatuer giet stadichoan yn de rjochting fan de 20 graden.

Jan Brinksma

maaie 15, 2020 18:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.