Waarpraatsje: Tige kâlde nacht

maaie 14, 2020 18:02

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in kreaze tongersdei, mar noch wol hieltyd oan de kâlde kant. Wy krije boppedat ek noch in (tige) kâlde nacht.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed is it helder. De wyn is swak en komt út rjochtingen tusken it noardwesten en it noardeasten. By de kust lâns stiet in noardwestewyn. De temperatuer leit tusken de -2 en +3 graden.

Freed skynt de sinne earst flink, mar letter is der ek kâns op hingelwolken en oare bewolking. By de kust lâns soe yn ‘e rin fan ‘e dei in bui falle kinne.  By in matige noardwestewyn wurdt it 12 graden.

Yn it wykein bliuwt it drûch, skynt de sinne sa út en troch en wurdt it in bytsje mylder.

Jan Brinksma

maaie 14, 2020 18:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.