Waarpraatsje: Simmersk

maaie 19, 2020 17:41

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in mylde tiisdei mei noch wol in soad bewolking en op guon plakken in dripke rein. De oare dagen fan dizze wike binne suver hast simmersk.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf. Der is boppedat kâns op (wat) damp. By in swakke westewyn leit de temperatuer tusken de 6 en 10 graden.

Woansdei skynt de sinne flink, mar letter komme der ek hingelwolken. De swakke wyn komt út it noarden en de temperatuer leit om de 20 graden hinne.

Himelfeartsdei wurdt in waarme maitiidsdei.

Jan Brinksma

maaie 19, 2020 17:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.