Waarpraatsje: Kreas wykein
Resint ferskynd

foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in waarme nacht (Ljouwert 16,8!) en ek noch in waarme freed, mei sa út en troch wat rein en op guon plakken in flinke bui bytiden mei tonger, krije wy in kreas mar minder waarm wykein.
Yn ‘e nacht fan freed op sneon wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf. De wyn komt út it westen oant súdwesten en is swak oant matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. It wurdt 11 graden.
Sneon skynt de sinne flink, mar der binne rûnom ek hingelwolken. Op guon plakken soe in bui falle kinne. De weste- oant súdwestewyn is matich oant frij krêftich. By de kust lâns stiet noch wat mear wyn. De temperatuer leit tusken de 15 en 19 graden.
Snein feroaret der net folle oan it waar. By in matige oant frij krêftige westewyn wikselje sinne en bewolking inoar ôf. Der is noch hieltyd kâns op in buike en mei 16 graden wurdt it in bytsje frisser.
Takomme wike wurdt it op ‘e nij waarm. It bliuwt boppedat de hiele wike drûch.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje