Waarpraatsje: Earst noch bewolking

maaie 18, 2020 17:53

DE JOUWER – It wie in kreaze moandei, mar der wie noch wol (in soad) bewolking. Dy sit de provinsje tiisdei ek noch dwers. It is wol myld.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei is de loft berûn en by de kust lâns soe it sa út en troch in bytsje reine kinne. De wyn komt út it súdwesten en is swak, by de kust lâns matich. De temperatuer leit tusken de 8 en 12 graden.

Tiisdei is de loft earst ek noch berûn. Op guon plakken soe it in hiel lyts bytsje reine kinne, mar wis is dat net. Letter sille we de sinne, nei alle gedachten, ek noch wol sjen. De westewyn is matich. Letter op ‘e dei giet de wyn nei it noardwesten. It wurdt tusken de 15 en 19 graden.

Woansdei en tongersdei (Himelfeartsdei) binne suver hast simmersk.

Jan Brinksma

maaie 18, 2020 17:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.