Waarpraatsje: Dochs noch kâns op in bui

maaie 12, 2020 18:38

Westermar. Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tiisdei skrousk en dat bliuwt it ek noch in pear dagen. Der foelen boppedat rûnom yn Fryslân inkelde buikes. Woansdei is in bui ek net hielendal útsletten.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei binne der flinke opklearringen, mar op guon plakken is der ek bewolking en falt miskien wol in buike. De wyn is swak en komt út ferskate rjochtingen. De temperatuer leit om de 3 graden hinne.

Woansdei wikselje bewolking en (wat) sinne inoar ôf. Der falle inkelde buien, miskien wol mei tonger en heil. De swakke oant matige wyn komt út rjochtingen tusken it suden en it westen. Yn ‘e rin fan ‘e dei giet de wyn nei it noarden en hellet by de kust lâns oan. It wurdt 12 graden.

Tongersdei en freed bliuwt it oan de frisse kant.

Jan Brinksma

maaie 12, 2020 18:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.