Utwaaksen fan kapitalisme

maaie 1, 2020 10:01

Ynstjoerd

Yn syn stik yn de LC fan 17 april 2020 pleitet de eardere haadredakteur Rimmer Mulder foar it kapitalisme en ekonomyske groei. Ik bin mei him iens dat it kapitalisme beskate goede gefolgen hân hat, mar ik leau dat Mulder dochs wol wat al te jûchheiend is. Kapitalisme hat ommers ek hiele kwealike aspekten en dêr jout Mulder gjin omtinken oan. Ik wol der in pear neame.

De earmoede yn de Tredde Wrâld is foar in grut part de skuld fan ûnbedimme kapitalisme. It rike westen beskermet op alderhande wizen syn eigenbelang, bygelyks troch lânbouprodukten as bytsûker sa te subsidiearjen dat reidsûker produsearjende lannen dêr amper tsjin konkurrearje kinne. Ferline wike lies ik noch dat westerske bedriuwen wegerje om de yn harren opdracht produsearre klean yn in earm lân as Bangladesh te beteljen, no’t troch de koroanakrisis de merk ynstoart is, liedend ta noch mear earmoede.

Gauris is it ek dom: sa sjogge we dat de farmaseutyske yndustry de produksje fan genêsmiddels en medyske helpmiddels foar in grut part útbestege hat oan Sina en Yndia en dêrtroch folslein ôfhinklik wurden is mei alle negative gefolgen dy’t dêrmei anneks binne yn tiden fan koroana.

In gefoch fan it kapitalisme is ek dat inkelde superriken mear as de helte fan alle fermogen yn de wrâld besitte en dêrtroch ek de politike macht. Rike bedriuwen as Apple en Google spylje lannen tsjininoar út om belesting te ûntwiken.

Yn in woltierich lân as Amearika binne arbeiders twongen om mear as ien minbetelle baantsjes te finen om rûnkomme te kinnen. No binne in protte troch de koroanakrisis ûntslein en ha se hielendal gjin ynkommen mear. Fanwegen jildkrapte mije in protte Amerikanen de djoere sûnenssoarch, ek al binne se besmet, gjin wûnder dat Amearika it lân is mei wrâldwiid it grutste tal koroanabesmettingen.

In oar gefolch fan it kapitalisme is it teloargean fan de natuer: lannen as Brazilië en Yndonesië kappe tropyske reinwâlden, sadat tal fan bisten en planten grut gefaar rinne om út te stjerren. Oaljefanten en noashoarnen wurde it slachtoffer fan streupers, dy’t it allinnich om jild te dwaan is.

Dus Mulder, ik soe oppasse te folle it kapitalisme de himel yn te priizgjen!

Jehannes Elzinga
Frjentsjer

maaie 1, 2020 10:01
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. jangerben maaie 1, 16:24

    In prachtich skriuwen Jehannes,jo slagge de spiker goed op de kop.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.