Utstalling Frysk Fersetsmuseum hielendal online te besjen

maaie 4, 2020 08:40

De útstalling Oog in oog met oorlog is fan 4 maaie ôf online te besytsjen fia virtueletour.friesverzetsmuseum.nl en fia de webside en sosjale media fan it Frysk Fersetsmuseum. Sawol de nije útstalling as de fêste presintaasje binne yn in 360-grade-omjouwing te besjen. Op dy manier kinne besikers de útstalling, dy’t fanwege de koroanakrisis noch net fysyk te besytsjen is, fia harren pc, tablet of snoadfoan besjen.

Boarne: Frysk Fersetsmuseum

Yn 2020 is it 75 jier lyn dat Nederlân befrijd waard. Ta eare fan dat jubileum toant it Frysk Fersetsmuseum yn gearwurking mei Tresoar, it Frysk Filmargyf en Histoarysk Sintrum Ljouwert foto’s en films fan de Twadde Wrâldoarloch en de befrijing yn Fryslân. De útstalling slút oan by it lanlike projekt De Tweede Wereldoorlog in 100 foto’s fan it Nederlânsk Ynstitút foar Oarlochsdokumintaasje (NIOD). De firtuele útstalling is makke troch Coolminds en makket gebrûk fan in platfoarm fan Q42, dat spesjaal ûntwikkele waard foar it Ryksmuseum.

Besjoch in foarfilmke fan de online útstalling.

 

Boarne: HCL

Frysk Fersetsmuseum
Tagelyk mei de útstalling Oog in oog met oorlog is yn it Frysk Fersetsmuseum in presintaasje te sjen oer it tema frijheid anno no. Yn de útstalling, dy’t ein 2019 iepene waard, fertelle alve Friezen mei ferskate eftergrûnen harren eigen ferhaal oer frijheid. Dy presintaasje is ek online te besjen. It Frysk Fersetsmuseum is sûnt 1979 aktyf om it ferhaal oer Fryslân yn de Twadde Wrâldoarloch op in edukative wize te fertellen.

Yn 1995 waard it museum ûnderdiel fan it Frysk Museum. Yn 2013 ferhuzen se beide nei it nije gebou oan it Wilhelminaplein yn Ljouwert.

Oog in oog met oorlog is ta stân kaam yn gearwurking mei Tresoar, it Frysk Filmargyf en Histoarysk Sintrum Ljouwert. De útstalling wurdt mei mooglik makke troch Provinsje Fryslân, fonds en Stichting Fryslân 1940-1945.

maaie 4, 2020 08:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.