Utstalling blommeskilderijen en stielen bylden by Bax

maaie 5, 2020 08:56 Fernijd

Bert van Santen – ‘Fleurs du mal’ (foto: Bax Kunst)

Ofrûne sneon is de nije útstalling by Galery Bax Kunst yn Snits úteinset. Bert van Santen út Zaandam en Sophia de Vries út Holten litte harren wurk sjen oant en mei 13 juny.

Les Fleurs du Mal
Bert van Santen studearre kulturele antropology oan de Universiteit van Utrecht. Al goed tritich jier is hy yn it binnen- en bûtenlân as byldzjend keunstner aktyf. Syn wurk wie al yn in soad musea te sjen. Van Santen is ek útjouwer fan boeken en mei-oprjochter fan de keunstnersgroep ‘Barbares d’Esprit’ dy’t earder dit jier by Bax Kunst eksposearre. Syn wurk omfettet ferskillende disiplines: skilderijen mei oaljeferve en ‘mixed media’, bylden, kastobjekten, wurk op papier, keramyk en dus keunstnersboeken mei ferskate techniken.

It nijste wurk fan Van Santen hat de titel ‘Fleurs du Mal’, ynspirearre troch de gedichten fan Charles Baudelaire, en is ûntstien as refleksje op de problemen fan de hjoeddeistige tiid. Op matearjeskilderijen fan oaljeferve lit Van Santen sjen wat hy as kolorist dêrmei kin. De skilderijen binne tsjokke, út oaljeferve opboude reliëfs. De blommen sitte meastentiids oan tinne tûken. Syn skilderijen likegoed as it wurk op papier litte in grutte leafde foar de skilderkeunst sjen.

Sophia de Vries – ‘Dromen over zeilen’ (foto: Bax Kunst)

Stielen bylden
Sophia de Vries út Holten makket objekten fan metaal. Hja folge de Christelijke Hogeschool voor de Kunsten yn Kampen (1988 oant hjoed-de-dei) mei as ôfstudearrjochting monumintale foarmjouwing. Fierder folge hja kursussen by Kunstlokaal Deventer. De bylden van De Vries wurde makke út metaal mei koperslach en kinne sawol figuratyf as abstrakt wêze. Har grutste ynspiraasjeboarne is it lânskip.

De keunstneres set om sa te sizzen oantinkens en ûnderfiningen om yn stielen bylden. Net yn grutte objekten, it binne sljochtweihinne foarmen as in hûs of in stoel. Wol mei in bepaalde elegânsje útbylde. Soms stiet der in hûs op in stoel of groeit der in beam op in hûs of stiet in hûs op hege poaten. Alle bylden binne objekten op harsels, alle bylden binne apart ferhalen. It is te kinne sjen dat it meitsjen derfan krêft koste hat, soms mei grut geweld ta stân kommen is, mar ôfmakke mei leafde, tearens en oandacht.

Fêste iepeningstiden
Nei in oantal wiken fan sluting giet Galery Bax Kunst werom nei de fêste iepeningstiden. “Wy folgje dêrby alle mooglike oanwizingen fan it RIVM. Dêrneist meitsje ús fertroude iepeningstiden it krekt goed mooglik om alle doelgroepen fan tsjinst te wêzen. Moarns op ôfspraak, middeis iepen foar publyk”, seit kurator Redmer Bax.

De galery fielt him ek ferantwurdlik foar kultuerleafhawwers yn it hiele lân dy’t no net nei musea of útstallingen kinne. Dizze útstalling fan hege kwaliteit moat dy doelgroep treast biede. Neist in besite oan de galery kin men ek online fia in firtuele omgong op it webstee fan de galery alle keunstwurken besjen en reservearje of daliks keapje.

De útstalling duorret oant en mei 13 juny 2020.

maaie 5, 2020 08:56 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.