Utslach stimming PS 22 april 2020 bekend
Resint ferskynd
Woansdei 22 april wie der foar it earst yn de Fryske skiednis in digitale Provinsjale Steategearkomste. Fiif oeren lang stienen 43 skermen yn ferbining mei de livestream fan ’e Steateseal, dêr’t de kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok tegearre mei de griffier de gearkomste yn goede banen late.
As gefolch fan de tydlike wet digitale beslútfoarming, dy’t fan krêft is sûnt 9 april, is it by dizze digitale gearkomsten tastien om besluten te nimmen en gebrûk te meitsjen fan “briefstimmen”. Fuort nei de gearkomste binne dan ek nei de Steateleden stimbrieven mei de post ferstjoerd. De stimmen binne ûnderwilens troch de foarsitter en griffier ûntfongen en ferwurke. Dy binne taheakke.
Der wiene ek besluten yn de Steategearkomste dêr’t gjin briefstimming foar nedich wie. Dy binne by akklamaasje fêststeld.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje