Unrêst om plan foar 48 wetterfilla’s by Grou

maaie 13, 2020 10:35

De FNP-riedsfraksje Ljouwert moast juster troch in berjocht op www.degrouster.nl fernimme dat der plannen binne foar de bou fan 48 lúkse (wetter)wenten oan de noardkant fan Grou. Neffens de Grouster besteane dêr konkrete plannen foar. De wetterfilla’s soene dan noardlik fan Wetterpark Yn ’e Lijte komme. It terrein dêr’t de wenten neffens it berjocht op boud wurde sille, is 25 hektare grut en no noch yn gebrûk as agraryske grûn.

Ympresje fan in lúkse wetterwente. Boarne: www.degrouster.nl

It fernuveret de fraksje dat sok nijs nei bûten brocht wurdt foardat it kolleezje fan B&W dêr de gemeenteried oer ynljochtet. De FNP-fraksje hat dêrom skriftlike fragen by B&W yntsjinne om opheldering te krijen oer de gong fan saken.

De fraksje wol ek witte oft it kolleezje ree is om mei te wurkjen oan it plan dat Pleatslik Belang Grou en de Business Club op 30 maart l.l. lansearre hawwe om yn gearwurking mei it gemeentebestjoer in breed droegen fyzje foar Grou te ûntwikkeljen.

De fraach libbet ek oft der wol ferlet is fan safolle wenten foar rekreatyf gebrûk en oft dêr de skoandere agraryske grûn fan it Leechlân oan opoffere wurde mei. Yn de eardere Gemeente Boarnsterhim wiene der folle faker plannen om yn Grou-noard wenten te bouwen, mar dêr wie altyd ferset tsjin. De FNP-fraksje freget him ôf oft by it trochgean fan de nije plannen net opnij in protte beswieren ynkomme.

maaie 13, 2020 10:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.