Bywurke: Crew Dragon by ISS oankaam

maaie 30, 2020 19:48

NASA-astronauten Doug Hurley en Bob Behnken binne krekt as ôfrûne woansdei oan board fan de Crew Dragon fan it bedriuw SpaceX. De lansearring fan de raket dy’t harren nei it romtestasjon ISS bringe moat, stiet plend foar 21.22 oere Nederlânske tiid, mar oft dy trochgean kin is ûnwis.

Crew Dragon op Falcon 9 (foto: SpaceX – publyk domein)

De waarsferwachting is net ideaal en saakkundigen rûze de kâns dat alles neffens plan ferrinne kin, op 50/50. Woansdei waard de lansearring fan it Kennedy Space Center yn Floarida ôf likernôch in kertier fan tefoaren ôfsein.

It moat de earste bemanne flecht fan Amerikaanske boaiem ôf yn hast tsien jier wurde. Om it lansearplatfoarm hinne is de loft no berûn en der is kâns op tonger. Net allinnich it waar op it lansearplak sels is fan belang. Foar de gebieten dêr’t de Crew Dragon trochhinne fljocht, jildt ek dat it bygelyks net te hurd waaie mei.

De lansearring is fan 20.45 oere ôf te folgjen fia de webside en it YouTube-kanaal fan de NOS. Klik hjir foar de livestream.

As it dizze kear wol slagget, komt de Crew Dragon 23 minuten letter oer Nederlân, om sinneûndergong hinne. Dan is it nei alle gedachten noch te ljocht om it stipke te sjen. As de lansearring wer annulearre wurdt, is de folgjende mooglikheid sneintejûn om 21.00 oere Nederlânske tiid.

Bywurke sneon 22.00 oere: Om 21.30 oere is it romteskip Crew Dragon lansearre. Nei likernôch in kertier wiene de astronauten yn in baan om de ierde en lieten se witte tankber te wêzen foar de geweldige rit nei de romte. Se binne ûnderweis nei it ISS-stasjon, dat op sa’n 400 kilometer boppe de ierde fljocht, yn ’e romte boppe Sina en Mongoalië. It is de bedoeling dat se dêr sa’n 110 dagen bliuwe om it romtestasjon ta te rieden op bemanne misjes. Se sille ek de al oanwêzige astronauten helpe mei ûndersyk.

Bywurke snein 21.30 oere: De romtekapsule fan SpaceX mei oan board NASA-astronauten Doug Hurley en Bob Behnken is fannemiddei om 16.15 oere hinne feilich oankaam by it Ynternasjonaal Romtestasjon. De Crew Dragon lei in pear minuten foar de plende tiid oan by it ISS. Uteinlik wiene se sa’n 19 oeren ûnderweis.

maaie 30, 2020 19:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.