Tink mei oer ‘Dat wie doe sa’

maaie 19, 2020 08:38

Ofbylding: Afûk

Soarchmeiwurkers yn Fryslân krije te meitsjen mei minsken dy’t it leafst Frysk prate en it ek aardich fine om in aktiviteit yn de eigen taal te dwaan. Foar dy beropsgroep is de ôfrûne jierren fan it projekt ‘Dat wie doe sa’ (fan de Afûk) út it nedige materiaal yn de Fryske taal en oer de eigen regio útbrocht: de Beltsjeblomrige, Sline yn it ferline en Belibje it wer bygelyks.

De Afûk rjochtet him no op oanbod foar de ‘jongere’ âlderein, de minsken dêr’t de soarchmeiwurkers yn de kommende jierren mei te meitsjen krije. Om dat oanbod oanslute te litten op de fraach fan de âlderein en om it oantreklik te meitsjen foar aktiviteitebegelieders freget de Afûk harren om in enkête yn te foljen. Dat kostet maksimaal fiif minuten. Op www.friesindezorg.frl stiet mear ynformaasje oer it projekt en in oersjoch fan koroanaproofaktiviteiten yn Fryslân.

maaie 19, 2020 08:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.