Telefonisten Drachtster meldkeamer hawwe it mier oan it Frysk

maaie 25, 2020 20:13

De meldkeamers falle aansen net mear ûnder de Ryksoerheid. Dêrtroch kin minister Ollongren der neat oan dwaan dat de telefonisten dy’t Friezen yn needgefallen te wurd stean moatte, foar in part it mier hawwe oan de Fryske taal.

Dat skriuwt minister Ollongren oan taaladvysorganisaasje Dingtiid. De minister hat Dingtiid ferline jier frege om ûndersyk te dwaan nei it plak fan it Frysk by ferskate oerheidsorganisaasjes.

Ut dat ûndersyk docht bliken dat it Frysk faak wol brûkt wurdt, mar dat net ien fan de organisaasjes in taalbelied hat. By it UWV, DUO, de Rijksdienst voor Ondernemend Nederland en de belestingtsjinst wurdt in soad Frysk praat, mar de organisaasjes hawwe it der net op as klanten Frysk skriuwe en hielendal as se freegje om in Frysktalich antwurd.

It slimste is it by de meldkeamer, dêr’t wearze bestiet tsjin minsken dy’t yn panyk yn harren memmetaal skilje. Opfallend genôch hat de organisaasje der gjin probleem mei as minsken yn de Ingelske taal skilje. Hoewol’t minister Ollongren sels om it ûndersyk nei de taalhâlding by de ministearjes frege hat, wol se der neat oan dwaan.

In wetswiziging sil der ynkoarten foar soargje dat minsken dy’t 112 skilje, trochferbûn wurde kinne mei in meldkeamer bûten de regio. De kâns is dan grut dat de telefonist de Fryske taal net ferstiet. Neffens de minister is dêr neat oan te dwaan.

Klik hjir foar it ûndersyksrapport fan Dingtiid.
Klik hjir foar it brief fan de minister.

maaie 25, 2020 20:13
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. mbc84 maaie 25, 23:52

    Neffens de minister is der neat oan te dwaan. Dizze fantastyske minister, dy’t ek it referindum ôfskaft hat, wol der neat oan dwaan.

    Wy moatte ús eigen ynstitúsjes hawwe, dêr soe, ek de provinsje Fryslân, op oantrune moatte. Eigen rjochtshôven, eigen ôfdieling UWV ensfh. dêr’t Friezen oan it wurk binne dy’t ús al yn ús eigen taal te wurd steane kinne.

    En ja, soks kostet jild, mar dat is der/ wie der. De ôfstân ta de oerheid soe hjirtroch ek lytser wurde kinne (hawwen fan eigen ynstânsjes dêr’t gewoan Frysk brûkt wurde kin).

    Mar ja, soks ferget al fyzje en dêr is in folslein brekme oan yn ‘e Fryske polityk mar ek by de Friezen sels. It mei nea jild kostje en se hawwe der dan wol wer begryp foar dat soks sintralisearre wurdt, sa’t sa’n soad sintralisearre wurdt om kosten te besparjen.

  2. AG maaie 29, 12:29

    Ik wol wol de fryske minsken te wurd stean dy’t yn paniek binne hjer!
    Of fertale.
    Mut net raerder wurde dat je yn je memmetaal yn je eigen provinsje, doarp, hus der net ien is dyt je helpe kin yn noad!!!
    Der komt toch ek gjin brandweer oid ut in oare provinsje, mar dy bij jo om de hoeke.
    Koarte lijntsjes binne belangryk! En jo mutte ien gerest stelle kinne, helpe, tips jaan, wat bij in part fan de minsken noch steeds better wurket yn de memmetaal!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.