Taspraak kommissaris fan de Kening by de 4 maaie betinking 2020

maaie 4, 2020 23:54

Bêste minsken,

Wolkom yn de eardere synagoge yn it hert fan de joadske buert yn Ljouwert.

As jo it wêzen fan 4 maaie earne fiele kinne, dan is it op dit plak. Twa minuten stilte hjir belibje, makket lyts.

Hjoed betochten wy elkenien – boargers en soldaten – dy’t yn it Keninkryk fan ‘e Nederlannen of wêr ek op ’e wrâld omkommen of fermoarde binne sûnt it útbrekken fan de Twadde Wrâldoarloch, yn oarlochssituaasjes en by fredesoperaasjes.

Dizze synagoge wie ea it middelpunt fan in libjende, joadske mienskip. Dizze buert hie in eigen joadske skoalle, winkels en ferieningslibben. Yn de 19e iuw wie Ljouwert it joadske sintrum fan Noard-Nederlân mei ynternasjonale konneksjes.

Oan dit fredich bestean makket de besetter wreed in ein. Nei de ynfal yn 1940 wurde yn heech tempo de iene nei de oare maatregel ynfierd. Joaden mochten net mear wurkje, net mear gean en stean dêr’t se woene, waarden brânmerke mei in giele stjer en in J yn de papieren. Se rekken yn in isolemint. Koene gjin kant op.

Fan de 665 bewenners wurde 547 yn frachttreinen deportearre nei kampen as Sobibor en Auschwitz. 7 komme mar werom.

Fan de mei-inoar 800 joaden yn hiel Fryslân oerlibje mar 186 de oarloch.

Mear as 103.000 van de 140.000 Nederlânske joaden oerlibje de besetting net.

It is konfrontearjend dat yn ferliking mei oare Europeeske lannen navenant in protte Nederlânske Joaden slachtoffer wurden binne fan de ferfolging.

Sa wie der ûnder de befolking gjin besef wat der mei de joaden barre soe. Der binne gjin oanslaggen op transporttreinen dien om se te befrijen. It ferset kaam let op gong, earst yn 1943. En dan wie der de befolkingsregistraasje en in relatyf soad gesachsdragers dy’t de besetter holpen.

In dûmny yn Jorwert hie in bidstûne mei it tema:

“Vader vergeef het hen, want ze weten niet wat ze doen.”

Nei dy tiid hie hy sizze wollen:

“Vergeef het ons, want we weten precies wat we doen; niks.”

“Het kind is er niet meer” stiet op de gevel fan de eardere Joadske skoalle, efkes fierderop. Foar de skoalle stiet it betinkingsmonumint; in kleimuorre dy’t de ûndergong fan de joadske gemeente symbolisearret. En in fertikale mezoeza mei davidstjer, as teken fan hoop op in goede takomst.

‘…As teken fan hoop op een goede takomst…’

Hokker takomst?

Hokker byld hiene de bern fan dizze skoalle fan de takomst?

Wêr dreamden se fan… Fan in frije wrâld?

Dizze bern waard harren takomst ôfnommen.

Mei it ferdwinen fan de joadske bewenners ferlearen Nederlân en dus ek dizze wyk in stikje fan harren siel.

Mar it docht goed te fernimmen dat dy siel werom komt, troch it omtinken dat der is foar de bysûndere skiednis. Mei tank oan nijsgjirrige ûndersikers en ferhalefertellers.

Bygelyks troch it opfieren fan it stik De joodse bruiloft. En De terugkeer van de Joodse kinderen, wêrby’t ûnderdûkersbern út de Rânestêd opspoard wurde en wer nei harren skûlplak yn de provinsje komme.

Ferhalen fan fertriet en gemis, fan krêft, hoop en treast.

En fan moed fan gewoane minsken dy’t har libben riskearren troch joadske bern yn hûs te nimmen. Nei de oarloch krige in relatyf grut tal Nederlanners de Yad Vashem ûnderskieding.

Ferhalen om nea te ferjitten…. Wat ek it tema is fan it betinken en fieren dit jier.

En takom jier wurdt yn dizze buert in monumint ûntbleate mei de nammen fan de slachtoffers út dizze wyk.

Yn in oarloch sneuvelet de wierheid altyd as earste. Frijheid fan parse en frijheid fan mieningsutering binne essinsjeel foar it funksjonearjen fan ús rjochtssteat en it moderne Europa.

Dêr meie gjin konsesjes oan dien wurde.

Datoangeande helje ik Titus Brandsma oan. De yn Oegekleaster by Boalsert berne karmelitenpater, heechlearaar en sjoernalist. Brandsma seach al foar de oarloch it gefaar fan it nazisme. Hy hie in hillich leauwen yn de frije parse en warskôge foar rassehaat. Hy wie foar de duvel net bang en naam ferantwurdlikheid.

En betelle dêrfoar de heechste priis. Yn 1942 waard hy yn Dachau fermoarde.

Fan ‘t jier 35 jier lyn waard hy troch de Paus sillich ferklearre. Hy is in foarbyld en ynspiraasjeboarne foar in protte minsken. Ek foar my.

Brandsma pleite foar ûnbekend heldedom. Net freegje, gjin oardiel; helpe!

Ik slút ôf…

Hjoed is in dei fan betinken, moarn fan fieren.

Dat fieren moat yn lytse kring. Dat makket de befrijingsdei oars as oars, mar net minder weardefol. Út Wageningen komt moarn it befrijingsfjoer oan yn Ljouwert en ûntstekke wy ek op it Saailân de frijheidsfakkel.

Litte wy de fakkel trochjaan. Oan elkoar, oan ús bern, oan de generaasjes nei ús… dat de hoop fierder syn paad fynt ûnder de minsken.

Boarne: Provinsje Fryslân. Taspraak holden troch kommissaris fan de Kening Arno Brok yn de eardere Ljouwerter synagoge, ea it wichtichste joadske sintrum fan it Noarden.

maaie 4, 2020 23:54
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Lútsen maaie 5, 08:20

    Ik haw my ferwûndere justerjûn: de Friezen praten ABN en de Hollanner Brok joech syn taspraak yn it ABF. De omkearde wrâld. Bravo Arno!!!

  2. Lútsen maaie 5, 10:44

    …en ik hie dêrnjonken slim argewaasje fan razende bern op ‘e eftergrûn krekt op it stuit dat it deastil wêze moatten hie yn en om de Prinsetún. Wêr komt sok hâlden wei?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.