Taalreboelje om gefaarlike stoffen: Trudeau makket in ein oan rjochten Frânsktalige Kanadezen

maaie 4, 2020 16:54

De Kanadeeske premier Justin Trudeau hat ferline wike in ein makke oan de likense posysje fan de lânstalen Ingelsk en Frânsk yn syn lân. Gefaarlike stoffen meie tenei mei inkeld Ingelsktalige teksten op ‘e ferpakking ferkocht wurde.

“It ynlûken fan de ferplichting om gefaarlike stoffen yn de beide lânstalen te etikettearjen tsjûget fan in tekoart oan respekt foar de Frânsktaligen rûnom yn it lân, hielendal yn de covid-19-krisis”, docht de Frânsktalige oerkoepeljende Fédération des communcautés francophones et acadiennes du Canada te witten.

Renée Cormier, de gûverneur fan de twatalige provinsje Nij-Brunswyk seit: “Neat kin rjochtfeardigje dat net beide offisjele talen brûkt wurde hoege. De sûnens en feiligens wurde sa yn gefaar brocht.”

De regel is neffens it Kanadeeske regear tydlik en hat as doel om de ferkeap fan ûntsmettingsmiddels út it bûtenlân makliker te meitsjen.

It Ingelsk en Frânsk binne offisjeel lykberjochtige offisjele talen yn Kanada. Goed 20 persint fan de Kanadezen hat it Frânsk as memmetaal. De helte fan harren is de Ingelske taal net machtich.

maaie 4, 2020 16:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.