Suske en Wiske bestean 75 jier
Resint ferskynd

Foto: M.M. Minderhoud of Wikipedia/Michiel1972 – lisinsje CC BY-SA 3.0
Ta gelegenheid fan 75 jier Suske en Wiske yn 2020 hat Paul Geerts foar ien kear wer in nij Suske en Wiske-album tekene. It album, dat de titel De preutse prinses hat, is net yn de reguliere rige ferskynd, mar yn in hommaazjerige dêr’t hieltyd gastauteurs in Suske en Wiske-album yn meitsje.
It is it fjirde diel fan de hommaazjerige, dat hjoed ferskynt. De publikaasje soe ynearsten op 30 maart wêze, om’t it dan presys 75 jier lyn wie dat de aventoeren fan (doe noch) Rikki en Wiske foar it earst publisearre binne, mar waard útsteld om de koroana. De ûnderwilens 82-jierrige Paul Geerts gie yn 2002 mei pensjoen as haadtekener fan Suske en Wiske. Hy waard opfolge troch Marc Verhaegen. Geerts woe mei de kekene prinsesse de #MeToo-diskusje mei de gek beslaan, sa ferdútste er juster yn deiblêd Trouw. Dêfoaroer is er der net sa oer te sprekken dat yn de hjoeddeiske albums Suske seksy klaaiïng oanlutsen wurdt, de eartiidsk strykplanke-eftige muoike Sidonia opgnist is mei in prústige buste en Wiske allyksa bewyskes fan boarstkes krige: “Ik wil de huidige makers niet afvallen, maar ik vind die veranderingen wel jammer, net als veel lezers.”
De preutse prinses is inke troch Eric de Rop, dy’t ek tsientallen jierren foar Studio Vandersteen wurke. Sabine de Meyer fersoarge it ynkleurjen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje