Soarchynstellingen ferrast mei optreden Syb van der Ploeg en trio Sjanz
Resint ferskynd
- Foarsitter Domowina hat syn nocht fan ‘geveltsje-sorbysk’ en ropt op: “Praat de taal” 0
- Twa hûndertsjes smertejild foar plysjetamtaasje yn Drachten 0
- Amper omtinken foar Frysk yn partijprograms 0
- Mei Ljouwert neffens it Ramtferdrach wol in oerrinplak fan de Rânestêd wurde? 0
- Berneboeken Dr. Seuss út de hannel nommen: lêste eksimplaren binne rôversguod 2
Bewenners en meiwurkers fan soarchynstelling Talma Hoeve yn Feanwâlden en Brugchelencamp yn De Westereen waarden op Keningsdei ferrast troch in optreden fan Syb van der Ploeg en trio Sjanz. De optredens waarden organisearre troch gemeente Dantumadiel yn it ramt fan ‘Mei-inoar sjonge foar koheezje’.
Bewenners en meiwurkers genieten sichtber fan it ferrassingskonsert. Der waard dûnse en klapt op de muzyk en slingers en flaggen op ’e balkons makken it feest folslein. Syb van der Ploeg song neist syn bekende nûmer ‘In Nije Dei’ ek it nûmer ‘Altijd Dichtbij’, it nûmer dat er spesjaal foar soarchmeiwurkers en pasjinten skreau. Syb fûn de twa konserten tige bysûnder. Hy geniete derfan om wer ris live sjonge te kinnen en tagelyk wat bysûnders te betsjutten, ek al omdat it twadde konsert yn De Westereen wie, it doarp dêr’t er opgroeide, oan de fiver dêr’t er as lyts jonkje fiske hat.
Boargemaster Klaas Agricola sleat mei in koarte taspraak de optredens ôf. Hy betanke net allinnich de artysten mar ek it personiel fan de ynstellingen foar harren geweldige wurk yn dizze tiid. Hy winske elkenien in protte sterkte en sûnens ta en spruts syn hoop foar bettere tiden út.
Besjoch in fideoympresje (makke troch Bote Sape Schoorstra):
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje