Snein Rogate

maaie 17, 2020 07:00 Fernijd

Meditaasje

Alle sneinen fan it tsjerklik jier hawwe in namme. Fan de ‘gewoane’ sneinen binne dy wat yn it ferjittersboek rekke. Mar fan de mear bysûndere sneinen – om krysttiid en om Peaske hinne – brûke wy dy nammen noch wol. As men teminsten net meidocht oan it nijmoaderige “safolste snein troch it jier”. Om dát te witten bin ik de tsjerke net brek. Dan kin ik de sneinen wol telle yn myn bûsboekje. Mar dan bin ik yn de ynfloedssfear fan de keninkriken en republiken fan de wrâld, dêr’t it rjocht fan de sterkste, fan de macht fan de ekonomy, foar master opslacht. Ik kies derfoar om myn dagen, myn wiken, myn sneinen, te mjitten neffens de mjitte fan dat oare Ryk, en neam de sneinen mei har âlde nammen. Yn dizze peasketiid binne dat: Quasimodo Geniti (as tatebern), Misericordia Domini (de barmhertigens fan de Heare), Jubilate (jubelje), Cantate (sjong), Rogate (bid) en Exaudi (harkje).

It barren mei Peaske is sá’n wûnder, dat kinne wy net samar befetsje. It giet oer nij libben. Dêrom seit de tsjerke op dy earste snein nei Peaske: wy binne as tatebern middenmank al dat nije libben, dat wy noch hielendal leare moatte. En it earste dat wy dan fernimme meie, dat is it ferhaal fan de Goede Hoeder, dy’t de barmhertigens en de leafde en de soarch fan God oan ús toant. In God dy’t as in Heit én in Mem foar ús is. En as wy dat ta ús trochkringe litte, dan kin it hast net oars, as wy jubelje it út. Mar fansels, der barre ek dingen yn in minskelibben, dan is it jubeljen wol oer. As wy begjinne dingen wat gewoaner te finen en der net mear om jubelje te hoegen, dan bliuwt it by sjongen. En nóch in wike fierder is ek it sjongen ferstomme, om’t it gewoane libben wer de oerhân kriget, of om’t it libben hielendal net mear sa gewoan is. As in ûnsichtber firus sykte en dea bringt en dat nije libben ynienen op in hiele oare manier nij wurdt. Mar dan net om bliid oer te wêzen, mar krektoarsom: om jin beneile te fielen en jin oer te besauwen. Dan bliuwt allinne bidden noch oer. Wêr moatte wy it sykje? Wat in gelok as wy dan earne noch dy echo hearre kinne fan dy barmhertigens fan God, ús it ferhaal fan de Goede Hoeder yn it ûnthâld bringe.

En wurden fan de psalmdichters, dy’t ek weet hiene fan driging en fertriet, mar ek wêr’t hja mei harren fertriet en eangstme terjochte koene. It is net tafallich dat it psalmfers foar dizze snein út Psalm 107 komt:

Mar, doe’t se oan de Heare rôpen yn har need,
rêde Hy se út har eangsten.
Hja moatte de Heare tankje foar syn geunst,
om ’e wûnders, oan minsken dien. (Psalm 107:6 en 8)

boarne: pixabay.com

Al liket it, as giet it roppen en rêden en tankjen foar wûnders wol hiel rap. Mar ik tink dat dizze dichter der faaks ek wol in heal minskelibben oer dien hat om safier te kommen. Om it dan pas – as yn in maggyblokje – ûnder wurden te bringen. Om oare minsken op te moedigjen en perspektyf te jaan. Wa’t God oanropt yn syn/har need, dyjinge mei witte dat God harket.
En it der net by sitte lit.

Lit ús dêrom ek hjoed mar bidde, roppe ta dy God. Want ek nei ús bidden harket er. En lit ek ús net sitte. As in Heit en in Mem is Hy – ek foar ús.

Wát sille wy dan hjoed bidde? As wy it no noch net oan tankjen ta hawwe, om’t wy noch sá yn ‘e lytse loege sitte? Lokkich hawwe wy ek ús eigen dichters dy’t ús wurden oanrikke:

Hear, as Jo ús roppe ta libben,
út nacht en benearingen wei,
lis ús dan it wurd op ‘e lippen
dat in miske der wêze mei.
Jou ús de taal om de bannen te brekken,
jou ús ferhaal om út leafde te sprekken,
it hert en de hannen frij. (Hertslach 125, Eppie Dam)

Ik soe sizze: lit ús hjoed sá mar bidde, om in wurd op ús lippen en betrouwen yn ús herte.

Wietske Tinga, Grins

maaie 17, 2020 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.